De hear A. Seldenrust (FNP) wol punt 15 graach oerhevelje nei de B-stikken en behanneling nei punt 11De ried giet dêrmei akkoart. 4. It feststellen fan it ferslach fan de gearkomsten van 19 en 20 juny 2006. De ferslaggen wurde goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken Mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) is oangeande punt 6 (UMTS-mêsten) bliid mei de hjoed ûntfongen brief oer dit Onderwerp mei de oankundige ynformaasjebyienkomst yn septimber, sy giet der fanút dat der dan ek in oersicht fan alle mêsten yn Boarnsterhim lizze sil. Wethâlder M. E. Minkes befestiget dat. De hear S. Bouma (VVD) hat oangeande punt 13 (festiging Kruidvat) fan de businessclub begrepen dat de komst juridysk sjoen net keard wurde kin. De skriuwer fan it ynkommen stik skriuwt lykwols in hiel oars ferhaal, dus hy freget him óf oft de businessclub ferdield is? Hy wol hjiroer fan it kolleezje graach mear dúdlikheid. De foarsitter zegt toe dat waar mogelijk de gevraagde duidelijkheid gegeven zal worden. 6. Foarstel om it ramt fan de feroardering WMO fêst te stellen. Mefrou G.R. Jonkman-Kalsbeek (FNP) seit dat elk mei de WMO te meitsjen krijt of krije sil. De FNP fynt dan ek dat de foarljochtingskampanje sa gau mooglik útein moat en dat der op dat punt net wachte wurde moat op it ryk. De hear J.S. Zijlstra (CDA) seit dat it foarlizzende stik prima oanslút by de útgongspunten fan it CDA oangeande sprieden ferantwurdlikheden en solidariteit. De ambysjes moatte no wiermakke wurde en hy pleitet foar in periodike evaluaasje yn de foarm fan in nijsbrief. It CDA giet mei mei de punten 2a o/m 2g en kiest dus net foar de alternativen. De hear J. Hemminga (GB) seit dat GB ynstimt mei it foarstel en hiel tefreden is mei de proseduere sa't dy folge is, mar dat de tiid wol hiel krap is, dat moat goed yn 'e gaten hâlden wurde. Mefrou J. Dekker-Hoogeveen (PvdA) seit dat de PvdA him noch wol wat soargen makket oer bygelyks frijwilligers. De PvdA kiest foar de bibilobus foar alternatyf 1de PvdA fynt dat it kolleezje dit hiel goed oppakt hat, allinnich de jongereried wie net tefreden, mar dêr komt meikoarten noch oerlis oer. It is goed om ien en oar nochris nei te lézen op de websiden dy't de wethâlder trochjûn hat. Oer de fuortgong sil de ried nei in heal jier rapporteard wurde, dus dat wachtet de PvdA dan óf. Wethâlder M. E. Minkes fynt de WMO in spannende syktocht. Oant no ta gie it om it kommen ta de beste struktuer en se is bliid dat it sa goed ûntfongen is. Se is it mei de ried iens dat we noch lang net klear binne, de WMO sil noch hiel faak oan de oarder komme en dêrby kinne rapportaazjes in middel wêze. De troch it CDA foarstelde nijsbrief kin besjoen wurde, op 'e hichte wurdt no brûkt, mar besjoen sil wurde oft dat de measte optimale wize is. Se is it mei de ried iens dat de tiid krap is en dat der noch in soad wurk fersetten wurde moat. Se seit de ried ta dat alle ynformaasje jûn wurde sil en it kolleezje stiet iepen foar alle suggestjes. Rjochting FNP antwurdet se dat der net wachte wurdt op it ryk, mar as der meiliften wurde kin mei it ryk, moat dat net litten wurde. Pagina 2 03 a-verslag raad 11-07 2006/bp/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 4