Mefrou G.R. Jonkman-Kalsbeek (FNP) steurt har der op side 4 oan de tekst "ook inwo nersworden betrokken", se freget wêrom't dizze groep der krekt útlichten is en net de jongeren? Wethâlder M. E. Minkes antwurdet dat de jongeren op it léste momint wol útnoege wiene. Yn de sosjale wetjouwing is it wurk-mei-wurk-meitsjen hiel wichtich en de WMO kin mooglikheden le- verje by de stipe oan reyntegraasjetrajekten, dat sit achter de neamde opmerking yn it stik. De ried giet sûnder stimming akkoart mei it kolleezjefoarstel. 7. Foarstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten op grûn fan artikel 21 WRO foar de wenteboulo- kaasjes Woonimpuls. De hear M. van der Sluis (VVD) seit dat de VVD op grûn fan it âlde beslút beswier hie tsjinpunt 2B, mar nei ûndersyk fan fraksje en wethâlder lûkt de VVD dat beswier yn en giet akkoart mei it foarstel. De hear A. Seldenrust (FNP) seit dat de FNP net hielendal gerêst is op it antwurd fan de wethâl- der op de fraach wêrom't dit allegear ûnder ien punt beflapt wurden is. De FNP soe it graach út- elkoar helje wolle sadat der goed oer diskusjearre wurde kin, ek al soene it dan seis of san ham- merstikken wêze. De FNP hat grutte muoite mei punt 2b (Griene Krúsgebou), want der is by in grutte groep ynwenners grutte soarch oer dizze ynfolling. De FNP stelt foar dat dit in oare kear as aparte foarstellen foarlein wurde sil. De hear J. Hemminga (GB) seit dat it gefaar fan "ongegrond ferklearjen is dat it byld ûntstean kin dat de diskusje net goed genôch fierd is. Der wie in groep ynsprekkers dy't oan in oplossing foar harren probleem te sykjen, it liket dat dat oan de kant skood is. Hy fynt dat dér foarsichtiger mei omgien wurde moat. Wethâlder M. E. Minkes antwurdet dat it foarstel net yn sânen knipt is omdat de ried woe dat de wenteboulokaasjes fan Woonimpuls as ien gehiel behannele wurde soene. De yntinsje fan in ta- riedingsbeslút is dat it rjochtsbeskerming jout oan minsken as der prosedueres rinne en hat alles te krijen mei bestimmingsplannen dy't ûnderweis binne. Oangeande it Griene Krúsgebou stelt se foar om de effekten fan de beswieren op besjen te lizzen. Minsken kinne lykwols altiten harren yndividuele belang nochris ófweagje litte tsjin it algemien belang, mar dêrfoar is dit tariedingsbe- slút noadich. De hear A. Seldenrust (FNP) freget haadlike stimming op alle ûnderdielen fan it foarstel. De foarsitter zegt dat de FNP wel een stemverklaring kan afleggen, maar dat het voorstel zoals het nu voorligt in stemming wordt gebracht. De hear A. Seldenrust (FNP) seit dat de FNP akkoart giet mei it foarstel, behalve mei punt 2b. De ried giet sûnder stimming akkoart mei it foarstel, wêrby oantekene wurdt dat de FNP tsjin punt 2b stimd hawwe soe. 8. Foarstel ta it feststellen fan de Maitiidsnota 2006. Mefrou J. Dekker-Floogeveen (PvdA) seit dat de PvdA begryp hat foar it feit dat der net folie romte yn de maitiidsnota sit, omdat der in nije ried en in nij kolleezje kommen is. De PvdA wol it kolleezje de romte jaan om rinnende saken goed of te hanneljen, mar sil it oare jier komme mei winsken en ferwachtings. Dêrby wurdt der fan útgien dat der dan in maitiidsnota lizze sil dér t senario's en finansjele konsekwinsjes yn stean sille. It foarstel fan de PvdA om de finansiering Pagina 3 03 a-verslag raad 1 1-07 2006/bp/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 5