fan it riedshûs op te skowen nei 2009 is troch it kolleezje oernommen, de ûntstiene romte wurdt brûkt foar de brêge fan Wergea en ferfanging fan de slús en steigers. It oerbliuwende bedrach kin neffens de PvdA nei de algemiene middels. De PvdA sjocht de takomt mei fertrouwen yn 'e mjit- te en stimt yn mei de foarlizzende maitiidsnota. De hear Gerbrandij (CDA) seit respekt te hawwen foar de amtners dy't de maaiesirkulêre ûntsifer- je en útlizze moatte. It CDA stimt yn mei de maitiidsnota, mar hat wol muoite mei de 300.000 euro foar de bedriuwsfiering. It CDA freget oft der hjir en dêr noch potsjes binne dêr't jild út helle wurde kin. Mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) seit dat de FNP hopet dat it Frysk de kommende perioade in better plak krije sil yn de gemeente. De FNP fynt it posityf dat de nije ried útein set is mei in riedsprogram en de dêrby hearrende temajûnen. De FNP fynt it spitich dat der net goed omgien is mei de omwennenden fan it Griene Krús-gebou, in grut part fan de Grouster mienskip is it net iens mei de plannen. De FNP freget him dêrby ek óf hoe grut it yn de brief neamde draachflak is. De FNP makket him soargen oer de grutte projekten dy't op de gemeente ófkomme: is alles wol goed yn byld of komme der noch ferrassings? Foar de FNP binne de wichtichste punten: fytspaad Grou-Wergea-Warten; de FNP fynt 2009 te let en freget de ried om dit nei foaren te heljen troch it yn ûnderdielen op te pakken. Der komt in ûndersyk en dat moat him earst rjochtsje op de mooglikheden foar subsydzje. De FNP oerwaget om in moasje op dit punt yn te tsjinjen. De moasje oer it Frysk en it Frysk yn it ûnderwiis is net útfierd, it hie fair west as it kol leezje dat even melden hie. Se freget de wethâlder ta te sizzen ien en oar dochs út te fie- ren neffens it yn de riedsagenda stiet. Stân fan saken oangeande ferkeap fan it riedshús. Wat bart der as de ferkeap net troch- giet, dan is it jild al útjûn. It jild sil brûkt wurde foar de slús en steiger, mar de FNP freget wêrom't dit projekt net oanmelden is yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. De FNP freget oft it mei it oanpakken fan de Dilleslús ek handich is om tagelyk de Bangafeart út te bag- gerjen. De hear S. Bouma (VVD) tinkt dat it feit dat it foarige kolleezje de gemeente mei in útklaaide beurs achterlitten hat, soargen jaan sil foar de takomst. Der hoecht nammentlik mar wat út te rinnen en it rint speak mei de finânsjes, want der binne gjin reserves. De VVD wol him ek sterk meitsje foar it fytspaad Grou-Wergea, der hat earder al ûndersyk west, dus dat hoecht no net nochris. De VVD advisearret om mei de wurkgroep te praten dy't al in soad foarwurk dien hat. Ek wol de VVD dat der ûndersocht wurdt oft der net ekstra jild binnenhelle wurde kin. Sa soe de re- servearre 100.000 ynsetten wurde kinne foar de oanlis foar it fytspaad yn stee fan foar it ûn- dersyk. De VVD stimt yn mei it útstel oangeande de restauraasje fan it riedshús. De foarstelde dekking fan de pont hat net de stipe fan de VVD. De VVD ropt it kolleezje op om meikoarten mei plannen foar it grûnbedriuw te kommen, omdat dêr yn in PPS-konstruksje jild generearre wurde kin foar de ambysjes dy't der lizze. De hear J. Hemminga (GB) makket de amtners in komplimint foar de beäntwurding fan de fragen. Earder hat der jild klearlein foar it fytspaad fan Grou oan de Tûtsebrêge ta en GB freget wêr't dat jild bleaun is. GB is ek foar de oanlis fan it fytspaad yn fazen, sadat stikken earder as foar 2010 klear binne. GB fynt ek dat der in oare dekking fûn wurde moat foar de pont, dat mei net út de post "onvoorzien". Wethâlder D. van der Meulen tankt de ried foar de positive wurden. Der is net folie romte foar nij belied, de maitiidsnota is in ferfolch op de riedsagenda. Nei de simmer sil besjoen wurde wêr't it bedrach dat oerbliuwt fan de restauraasje fan it riedshús foar brûkt wurde kin. Pagina 4 03 a-verslag raad 11-07 2006/bp/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 6