De hear J. Hemminga (GB) - by ynterrupsje - tinkt dat it bestjoerlik net korrekt is dat de wethal- der seit dat de tasizzing dien is troch it foarige kolleezje en no net mear jilde soe. Wethâlder D. van der Meulen seit ta dat hy dit nochris útsykje sil en hy sil hirop skriftlik antwurd- zie mar seit der wol by dat der gjin jild wei wurdt. Oer it baggerjen fan de Bangafeart seit hy dat de wurken frij fier út elkoar lizzen dus wurk-mei- wurk meitsje sil net gean en boppedat is der gjin jild foar reservearre. Op de fraach oer de sanite- re foarsjenning yn Akkrum sil hy skriftlik antwurd op jaan. Foar it fytspaad sil der by DS neifrege wurde oft der noch subsydzjemooglikheden binne. Wethâlder A.J. de Vries seit oer de stân fan saken oangeande de ferkeap fan it riedshús dat der meardere partijen útnoege binne om in bod te dwaan. Op grûn fan dy biedings kin it kolleezje mei in útstel nei de ried komme, hooplik kin dêr dit jier noch in beslút oer nommen wurde. Oer it Fryske Marreprojekt seit hy dat dit kolleezje hiel graach de riedsbesluten utfiere wol, dy be- siuten foarmje de basis fan de rapportaazje dy't no opsteld wurdt. Dat jout hooplik dan de frege dúdlikheid. De voorzitter schorst de vergadering. De voorzitter heropent de vergadering. Mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) lést de moasje foar: "fersiket it kolleezje om as earste ûnder- diel fan it ûndersyk de subsydzjemooglikheden te ûndersykjen en trunet der by it kolleezje op oan om te ûndersykjen oft it mooglik is it fytspaad yn fazen oan te lizzen mei de beskikbere - dels". De jildmiddels binne dan de 100.000, de 14.000 fan it riedshús en wat der noch fun wurdt. Wethâlder D. van der Meulen antwurdet dat der allinnich op basis fan in plan subsydzje oanfrege wurde kin en dus kin it kolleezje de moasje net oernimme. It kolleezje bliuwt by it eigen foarstel, seit wol ta dat as bliken docht dat útfiering yn fazen foardieliger is dat dan te ûndersykjen, mar dêr liket it op foarhân net op. De hear A. Seldenrust (FNP) - by ynterrupsje - seit dat it yn it bedriuwslibben net ûngewoan is om hjoed út te fieren en moarn te beteljen, miskien soe dat yn dit gefal ek kinne. De FNP soe dat punt graach meijaan wolle yn de oerwagings. Wethâlder D. van der Meulen fynt dat in solide finansjele Onderbouwing de basis fan it plan weze moat en dan liket him de suggestje fan de FNP net goed ta. De hear A. Seldenrust (FNP) freget oft de FNP-moasje wol mooglik is as de wethâlder seit dat der earst in plan lizze moat? De voorzitter antwoordt dat volgens haar er inderdaad een plan moet zijn, voordat de voorliggen de motie uitgevoerd kan worden. Mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) seit dat de FNP de moasje ynlûkt as de wethâlder taseit dat er by it al taseine Ondersyk meinimme sil oft it mooglik is om it fytspaad yn fazen oan te lizzen. Wethâlder D. van der Meulen befestiget de diene tasizzing. De voorzitter constateert dat de FNP de motie intrekt. Het voorstel wordt vervolgens zonder hoofdelijke stemmen unaniem aanvaard. Pagina 7 03 a-verslag raad 11-07 2006/bp/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 9