Pagina 13 de jongerenraad heeft de mogelijkheid, zoals ieder andere belangengroepering in de ge meente Boarnsterhim, in te spreken over zaken die in de gemeenteraad aan de orde ko men volgens de daarvoor vastgestelde richtlijnen" Mefrou Dekker (PvdA): Sy hat krekt it doel fan de jongereinried útlein. Sy krige doe de yndruk dat de hear Hemminga dermei ynstimde. De hear Hemminga (GB): It moat wol passé binnen de feroardering fan de gemeenteried. De foarsitter: Een aantal zaken zal anders gaan dan in de verordening vastgelegd is. Werkendewijs wil men zien hoe een en ander verloopt en dan kan men de verordening aanpassen. Het compromisvoorstel van de jongerenraad is dat men in de eerste termijn kan inspreken over zaken die haar aangaan. Mefrou Dekker (PvdA): Wol de hear Hemminga de feroardering oanpasse? In lestich punt is wat der ferstien wurde moat ûnder: 'wat de jongeren aangaat". De hear Hemminga (GB): GB hechtet oan gelikense rjochten foar de ferskillende groepearingen lykas DB-en. Der hoecht net in eksplisite útsûndering foar de jongereinried makke te wurden. Mefrou Veldstra (FNP): Alle partijen hawwe har útsprutsen foar in jongereinried. Men soe dêr no net mear sa lang oer diskusjearje moatte. De hear Hemminga (GB): Men hat as GB allinne reageard op it inisjatyffoarstel. Men moat krekt goed oer de konsekwinsjes neitinke. GB is it iens mei it takennen fan it budzjet. Nei de evaluaasje kin men besjen oft it oanpast wurde moat. De hear Bouma (VVD): De jongereinried moat los. Men hat in antwurd krigen op de kosten foar de website. Is it reëel dat men safolle jild krijt? Kin bepaalde saken net troch eigen wurk goedkeaper fuortset wurde? Mefrou Veldstra (FNP): De ynstek fan de FNP wie posityf; de jongereinried moat los kinne. De FNP fynt it spitich dat der partijen komme mei amendeminten dy't it wurkjen eins ûnmooglik meitsje. De jongereinried hat dúdlik útienset hoe't men wurkje wol. De FNP hat der alle betrouwen yn dat it mei de jongereinried wol goedkomt. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is in partij foar de jongerein, mar is ek foar dielde ferantwurdlikheid. Dy ferantwurdlikheid leit men dan ek by de jongereinried del, krektsa as by °are ferieningen lykas DB-en, kliïnterieden, ensfh. Jongeren binne kreatyf, fleksibel, ynvintyf en kundich genôch om bygelyks in website op te setten. Sy hat in ûndersykje dien oer it opsetten fan in webside. De bedraggen út dat ûndersyk falie gâns leger út as yn it foarstel. Sy wol graach de reaksjes fan de oare partijen heare. Mefrou Dekker (PvdA): Wat is foar it CDA in reedlik bedrach? De hear Seldenrust (FNP): Freget oft it CDA net genôch betrouwen yn de jongereinried hat. Mefrou Meinderts (CDA): Sy fynt it bedrach oan de hege kant. Sy is wol foar it ynstellen fan de jongereinried en hat der wol betrouwen yn, mar soe graach omtinken jaan wolle oan de finansjele kant. Sy koe yn it doarp frij maklik minsken fine foar it opsetten fan in website. De hear Seldenrust (FNP): Men moat dochs earst jild hawwe om fan begjinne te kinnen? ferslach 19092006/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 15