Pagina 15 urginsje wurdt allinne mar grutter om dat dêr wol te realisearen. It is de ynstek fan it kolleezje dan ek om dy kontinginten binnen te heljen. De hear Seldenrust (FNP); De kanttekening omskriuwt dat alles ferfalle kin as de kontinginten der net komme. Wethâlder De Vries: Dat is de foarwearde foar de ferpleatsing en dêr is neat oan feroare. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Foarstel om it "Restauratie Uitvoeringsprogramma 2006 - 2011" fêst te stellen De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.7 Foarstel om de "notitie sneltoetscriteria voor veel voorkomende bouwwerken" fan july 2005 fêst te stellen De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.7a Moasje VVD De hear Bouma (VVD): De BNG keart 275.000 euro oan de gemeente út en dat wol de VVD foar it fytspaad Grou-Warten reservearje. Lést de moasje foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen d.d. 19 september 2006 Overwegende dat: de raad aan realisering van het fietspad Grou-Warten een hoge prioriteit toekent; de raad uitgesproken heeft het fietspad Grou-Warten deze raadsperiode te willen realise ren; er nu geen (voldoende) middelen beschikbaar zijn; de gemeente Boarnsterhim van de BNG een dividenduitkering ontvangt van 275.000,= (uitkering 15 december 2006). Verzoekt het college deze middelen in een reserve te storten welke voor de realisering van dat fietspad gebruikt wordt. En gaat over tot de orde van de (prinsjes) dag." Wethâlder Van der Meulen: Men hat tafallers en tsjinfallers en by in posityf resultaat kin men dat oan de reserves taheakje. Men wit no noch net hoe't it der oan de ein fan it jier foar stiet. Men mei in ynvestearing ek net dekke mei ienmalich jild. De hear Bouma (VVD): Hy fynt it earste argumint net terjochte. De VVD jout in sinjaal óf dat men it foar it fytspaad reservearje wol. De hear Gerbrandij (CDA): Men moat it jild net útjaan foardat it ynbard is. De hear Bouma (VVD): Wiist derop dat men de hjirby wis fan is dat men it jild krijt. De hear Hemminga (GB): As der tsjinfallers binne komt it yn de ried oan de oarder. Dat jildt ek foar tafallers. Yn de ried kin men beslute wat men mei it jild docht as it binnen is. It mei net in frijbrief foar de wethâlder wêze om tsjinfallers en tafallers tsjinoar óf te streekjen. Mefrou Dekker (PvdA): Men moat earst mar ófwachtsje hokker tafallers der binne. Mefrou Veldstra (FNP): Men soe by de begrutting de moasje miskien opnij yntsjinje kinne. It is no noch wat te gau. Twadde termyn ferslach 19092006/absh/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 17