Pagina 2 1.3 Ynkommen stikken De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: De bibliobus hie eigentlik mei yngong fan 1 augustus út ein sette moatten yn in nij jaske. Men hat mei de gemeenten Ljouwert, Tytsjerksteradiel en it bestjoer fan de biblioteek Mid Fryslân om de tafel sitten om dat en oare problemen te besprekken. De fertraging giet op kosten fan de service nei de ynwenners fan de doarpen ta. Op 1 oktober leit der no in deadline foar in offerte fan in bus en mei 1 jannewaris moat de nije bus ride kinne. De trije gemeenten hawwe der dus mear druk op set. Oer it Wetterfront Grou oangeande it baggerjen en de strekdaam: Op 3 of miskien 17 oktober sil der praat wurde oer de útwurking fan de fisy. De ôfspraak wie makke om op alle ûnderdielen weromkomme te kinnen. Men wurdt ynformeard oer hoe't de rapportaazje plakfine sil. De oanbesteging rint der in bytsje op foarút. De definitive gunning fynt pas plak as de ried besletten hat. De finânsjes lizze der klear foar en de subsydzjebeskikking is binnen. Mei de beslútfoarming yn de ried fan oktober kin men mei de earste faze fan it Wetterfront Grou oan de slach. Wethâlder Minkes: Ofrûne moandei is in sosjaal team ynsteld. Dat multy-dissiplinêr team hat as doel om minsken mei problemen fan ferskaat aard wer op de rails te krijen en te hâlden. De gemeente hat de foarlopige foarsjenning oangeande it wenningbouplan yn Reduzum wûn. De oare deis spilet de foarlopige foarsjenning oer it Kupersleantsje. As dat ek yn it foardiel fan de gemeente útfalt, kin ek dêr mei it bouryp meitsjen fan de grûn begûn wurde. b: Mienskipiike Regelingen De foarsitter: Der binne gjin meidielingen. c: Brede Skoallen Grou en Akkrum (mûnling) Wethâlder Van der Meulen: By de brede skoalle is de gearhing tige wichtich. It is in binende faktor foar Akkrum en Grou. De wurktitel is folie mear as 'Under ien dak'. It giet om de gearwurking om sa mei inoar mear realisearje te kinnen as dat men allinne kin. Men is tige bliid mei de positive hâlding dy't men oan alle kanten tsjinkomt. Der is noch in flink trajekt te gean oft men de datum fan augustus 2009 helje wol. De partisipanten wolle lykwols mei faasje út ein en binne ree foar oerlis. It kolleezje wol graach it program fan easken en de finansjele konsekwinsjes yn novimber mei de ried beprate. Yn de gearwurkingoerienkomsten wurde û.m. it mienskiplik gebrûk fan de romtes, it behear fan de objekten, de kommunikaasje en beslútfoarming regele. De Europeeske oanbesteging fan arsjitekten: op 20 septimber is dêrfan de publikaasje. Yn it ferfolchtrajekt komme der iepenbiere presintaasjes en moatte der keuzes makke wurde. De ferwachting is dat de arsjitekt mids 2007 oan de slach kinne. Foar it oannimmen is ek in Europeeske oanbesteging nedich. Men is fan doel om maart/april 2008 mei de bou te begjinnen. Men wol de brede skoalle praktysk ynfolje mei funksjes foar bern fan 0 oant 12. Der spilet ek noch de tydlike húsfesting fan it bernedeiferbliuw. De finansjele oanpak sil sa breed mooglik oanbean wurde. De prosedueres foar de kommende moannen sille plakfine yn oerlis mei it presidium. Yn 2007 beslút de gemeenteried oer de fuortgong fan de brede skoalle mei de finansiering en de partisipanten. (Oer it Onderwerp wurdt ek in skriftlik stik omparte). De hear Seldenrust (FNP): Der hat in ynfogearkomste west dêr't de hear Buiter ien en oar útienset hat. Soenen foar sokke gearkomsten de riedsleden ek net útnoege wurde kinne om sa te hearen hoe men oer de saken tinkt? ferslach 19092006/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 4