Pagina 3 Wethâlder Van der Meulen: Der hawwe ferskillende gearkomsten west mei de partisipanten oer de ynfolling fan in yntinsje-oerienkomsten. It liket him net sa funksjoneel om dêrfoar de riedsleden út te noegjen. Hy wol it der lykwols noch wolris mei de hear Buiter oer hawwe. It wie gjin presintaasje fan it projektplan. De hear Van der Sluis (VVD): Yn medio 2007 sille de arsjitekten oan bod komme. De Europeeske oanbesteging moat yn july wêze. Is dy termyn foar de oannimmers dan net fierstente koart? Wethâlder Van der Meulen: Men hat in hiel strak trajekt foar de Europeeske oanbesteging. De arsjitekten kinne flot wurkje as de partisipanten en de ried har wurk goed dien hawwe. Men kin der gjin dagen tusken út helje. De hear Van der Sluis (VVD): It giet om de tiid dy't de arsjitekten krije. Dat is fierstente koart. De arsjitekten moatte folie mear romte hawwe om los te kinnen. Wethâlder Van der Meulen: De arsjitekten kinne pas definityf yn febrewaris 2007 los. Dat is ûnderdiel fan de Europeeske oanbesteging. De hear Van der Meer (GB): Samenwerking en verbreding van functies is het belangrijkste doel van de brede school. Hoe staat het daarmee? Is men als tegenpartij positief? Wethâlder Van der Meulen: De partisipanten (alles wat fan 0 oant 12 aktyf is) binne hiel posityf. De hear Van der Meer (GB): Hij neemt aan dat er meer participanten zijn dan de genoemde die zouden kunnen deelnemen. Hoe reageren deze? Wethâlder Van der Meulen: Der binne bygelyks ek petearen mei fitness en logopedy en men kriget út dy hoeke positive reaksjes. d. Frijstellingsfersyk/bou-oanfraach foar it oprjochtsjen fan in maneezje mei wenhûs en kantoar op it perseel Wergeasterdyk 4 te Wergea Mefrou Jonkman (FNP): It is in moai plan, mar wat bart der as der sjenwizen komme? Wethâlder Minkes: Dêr kin sy gjin antwurd op jaan, want dat is no noch net bekend. It kolleezje fynt it prachtich dat it bedriuw nei Wergea komt. Fansels kinne de minsken yn de omjouwinq dêr e. Finansiering herstrukturearingsgebieten Wergea en Grou HemlmuinPJa (GB,: GB hat °P 22 augustus fragen steld. Men hat yn in petear mei de wethêlder wol helderheid krigen. Hoe kin men lykwols de kommunikaasje ferbetterje, want dat is dudlik yn it foartrajekt yntern en nei de boargers ta net op in goede wize bard. De hear Bouma (VVD): De VVD-fraksje wie teloarsteld oer it ôfblazen fan de herstrukturearing. De kommunikaasje hie better moatten. As men it oanbesteget dan soe men derfoar soargje moatte dat de finênsjes ek op oarder binne. Mefrou Meinderts (CDA): De kommunikaasje is tige wichtich. Men soe de bewenners in ekskusbrief en/of in blomke stjoere kinne foar de oerlêst. □e hear Seldenrust (FNP): De FNP is ek teloarsteld oer de gong fan saken. Wergea lukt wer oan de koartste ein. Wa fan de gemeente makket diel út fan de BV? Is dat in ynhierde projektlieder, in nare nor tinUo J ferslach 19092006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 5