wethâlder of in amtner fan de gemeente? In projektlieder sil net de goedkarring fan de FNP krije. Wa is de direkteur WWR? Wethâlder Minkes: It is benammen in kwestje fan finansieringsdissipline. As men jild nedich hat mei men gjin negative reserve kreëarje. De ried hat in budzjetrjocht en dy moat dus it kredyt ferskaffe. De brieven binne ferstjoerd mei it tinken dat it útfierd wurde soe. It probleem is provisoarysk ferholpen. Der wie gjin dúdlikheid oer de krekte datum (septimber of hjerst). Der is wol in eksterne meiwurker oanlutsen om de finansiering dúdlik foar eagen te krijen om net opnij tsjin sokke problemen oan te rinnen by bygelyks Jirnsum en Akkrum. Soms is in BV in beskerming fan de finansieringskonstruksje. De partijen binne de gemeente en DFFG en sy hat der as wethâlder in sit yn. De direkteur WWR bestiet yn de nije organisaasje net mear. De hear Ter Haar is de eksterne interim manager. Sy hat net it idee dat de minsken tige oerstjoer binne en dat in ekskúsbrief op syn plak wêze soe. Men kin wer feilich oer de strjitte. It hat gewoan aliinne eefkes hiel dom west. f. Eksperiment Stemmen in een willekeurig stemlokaal By dit punt is de hear Gerbrandij foarsitter. Mefrou Veldstra (FNP): Men kin akkoart gean mei it foarstel. De ekstra wurkdruk is yndied gjin goede saak, benammen no net mei de tydlike húsfesting. Der moat wol dúdlik publisiteit oan jûn wurde dat minsken mei in kiezerspas rûnom stimme kinne. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Dat publiceert men in Op 'e Hichte. Het staat ook op de oproepingskaart. 3. M/ENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2, 3.3 en 3.4 De foarsitter: Er hebben zich geen insprekers gemeld. 3.2 Foarstel om in kredyt fan 275.000,00 beskikber te stellen yn ferbân mei it beteljen fan skeaferplichtings De Baai Mefrou Veldstra (FNP): Bringt in programma fan Omrop Fryslân yn it sin dat omtinken joech oan de saak fan sa'n 10 jier ferlyn. It kredyt kin dutsen wurde út de reserve De Baai. Kin men noch mear ferwachtsje? Wat der eventueel oerbliuwt, soe de FNP bestimme wolle foar in algemien doel, bygelyks in fytspaad. Kinne de wenten 24 en 26 no ferkocht wurde? In tiid lang hawwe de bewenners fan De Baai gjin ûnreplikgoedbelesting betelle. Hoe sit dat no? De hear Hemminga (GB): Is dit de ein fan fragen om skeafergoeding? It kolleezje soe in inisjatyf nimme moatte om te ynventarisearjen oft men der no óf is. Oars krijt men der letter noch nije gefallen achteroan. Wethâlder Minkes: De frege ynformaasje is fertroulik fan aard en dêrom wol se der no net op yngean. Wat men neffens de rjochter útbetelje moat, leit no foar. Foar de ferkeap fan de nûmers 24 en 26 is men ófhinklik fan de provinsje. Dy soe der wol wat gong achter sette meie. Oangeande it fersyk fan de hear Hemminga: yn guon prosessen is it better om de rezjy net te nimmen. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat it betrouwen dat foar de ein fan it jier de saken oangeande de ûnreplikgoedbelesting oplost binne. De oanslaggen binne de doar út. Twadde termyn Pagina 4 1 03 ferslach 19092006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 6