3.5 Foarstel om frijstelling artikel 19 lid 1 WRO te ferlienen foar it realisearjen fan in bedriuwswente mei kantoar en dêrbyhearrende tún op it perseel pleatslik bekend Yn 'e Lijte, oan 'e súd-eastkant fan de tagongsbrêge nei it rekreaasjeterrein, kadastraal bekend gemeente Grou, seksje C, nûmer 1721 De hear Selderirust (FNP): De FNP hat op himsels net safolle tsjin it foarstel. Hy fynt it nuver dat it wetter oan de Steande Mêst-rûte ferkocht wurdt. It wetter fersmellet en hoefolle romte bliuwt der no oer tusken it eigendom fan de bewenner en de oare kant? De hear Van der Sluis (VVD): De VVD hat gjin beswier tsjin it foarstel. De oanfraach is fan septimber 2005. Wêrom moat it sa lang duorje? De hear Hemminga (GB): Is it net in hiel grut terrein foar ien wenning? Hoe sit it mei permaninte/rekreative bewenning? Mefrou Esser (PvdA): Wurdt de rekreaasjewente no as tsjinstwenning brûkt? It is net dúdlik hoefolle der no foar de tún oer bliuwt. Sy nimt oan dat it oangeande de kante meters foldocht oan it bestimmingsplan. Koe der net in gearfetting by? Hoe sit it mei de oare eigner? Wennet dy ek yn in rekreaasjewente? Wethâlder Minkes: De oanfraach is fan 26 septimber 2005. Sy hat it antwurd net paraat wat der oant maaie 2006 bard is. Dy fraach sil skriftlik beäntwurde wurde. Oer fragen oer it bouplan kin men by de amtner terjochte. Dat jildt ek foar de romtlike Onderbouwing. It kostet in protte jild en tiid om soks allegearre mei te stjoeren. Der binne twa bedriuwswenten, dy't permanint bewenne wurde. Der moat ien ynlevere wurde. Wethâlder De Vries: It wetter moat baggere wurde en dan wurdt it wer oerdroegen oan de provinsje. It kolleezje siket út oft der yndied wetter ferkocht wurdt. Twadde termyn Mefrou Esser (PvdA): It soe foar de amtner net sa lestich wêze moatte om ien en oar goed op in kaartsje oan te jaan. Hoe sit it mei de oare eigner? De hear Hemminga (GB): Der wie neffens de wethâlder romte foar twa bedriuwswenten. Sit dat yn de telling foar permaninte bewenne wenningen? Dat hat mei de kontinginten fan dwaan. De hear Seldenrust (FNP): Wachtet it antwurd fan de hear De Vries of. Op it kaartsje wurdt in stik fan it wetter ôfsnijd. Is de trochfeartbreedte dêr noch wol 25/30m.? De hear Zijlstra (CDA): Neffens him is it wetter no al eigendom fan de oanfreger. Wethâlder Minkes: It giet net op kosten fan de kontinginten. De iene permanint bewenne rekreaasjewente wurdt der úthelle. Sy siteart de foarwearde: 'Tegelijkertijd met het verlenen van de vrijstelling voor de nieuw te bouwen bedrijfswoning zal de vrijstelling voor het gebruik van de recreatiewoning of dienstwoning worden ingetrokken.' It tastjoeren fan alle ynformaasje oer bygelyks romtelike Onderbouwing en argeologysk Ondersyk ferget in protte tiid. Sy jout ta dat it kaartsje yndied net botte dúdlik is. Mefrou Esser (PvdA): It giet har om in gearfetting. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Pagina 7 ferslach 19092006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 9