Pagina 8 meitsjen hat. Dat léste jildt benammen foar it sintrum. Dat stik komt ynkoarten by de ried. Men moast mei in yntegrale fisy komme en dat sit der oan te kommen. De hear Van der Zweep wol graach in plak op de Blikpôle hawwe. It moat der allegearre wol goed yn passé. Der is ek praat oer alternativen. As men foarkomme kin dat men der mei bussen komme moat, dan soe dat in winstpunt wêze. Dat is lykwols noch in punt fan oerlis. De hear Seldenrust (FNP): Van der Zweep soe mooglik nei de Blikpôle komme kinne. Der leit no wol in ynrjochtingsplan fan de Blikpôle foar. De hear Van der Zweep komt ynkoarten mei in bedriuwsplan. As dat net past binnen it fêststelde plan wat bart der dan? Wethâlder De Vries: Men wol besykje mei Van der Zweep ta in oplossing te kommen. Men hat der wol betrouwen yn. Men praat ynearsten oer in plak op de Blikpôle. Der wurdt in protte kommunisearre mei alderhanne partijen. It yndividuele belang kin wolris tsjinstridich wêze mei it algemien belang. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Men kin it yndied net elkenien nei it sin meitsje. Hy fynt dat definityf Ontwerp net de goede term foar it foarlizzend stik is. Der kinne bést noch feroaringen komme. Hoe moat de beslútfoarming oer 14 dagen wêze? As de Onderhannelingen dien binne en elkenien is akkoart dan kin men fan in definityf plan prate. De hear Zijlstra (CDA): Hy mist opmerkings oer it ambysjenivo. Hoe wol de wethâlder omgean mei de fragen oangeande de folgjende riedsgearkomste? Mefrou Esser (PvdA): Der is gjin legenda by en dat makket it hiel ûndúdlik. De hear Seldenrust (FNP): Hy sjocht út nei it listke fan petearen mei Aqua Marina. Hy begrypt it probleem mei Van der Zweep net. Men wit ommers hoe grut de Ondernimming is. Makket it miskien part út fan de Onderhannelingen mei de GWS? Hy mist it mooglike plak foar de ynvalideboat. De hear Van der Sluis (VVD): Men hat te meitsjen mei minsken dy't dêr eigendommen hawwe en der sil ien partij in kear troch de bocht gean moatte. As der ien is dy't net akkoart is dan moat it hiele plan miskien oer de kop. Der soe noch in foarljochtingsjûn komme moatte foar de bewenners. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje is tige bliid dat it plan no foar leit. Kompliminten oan de wethâlder dat er in tal saken no ta in goed ein brocht hat. Sy fynt dat de fragen wol allegearre foar de riedsgearkomste beäntwurde wurde moatte. Men moat no ek ris trochpakke kinne en de PvdA hat alle betrouwen dat men der wol út komt. It totaal mei wol wat mear wêze. Grou hat beslist in upgrade nedich. De hear De Visser (PvdA): Hy stelt foar dat de gemeente oan de ein fan de strykdaam in lantearne pleatst en GWS in sitbank en dat DB dêr noch in modern elemint oan tafoeget Wethêlder De Vries: De útstrieling fan Grou moat yndied ferbettere wurde. Der binne al plannen foar de útfiering fan de strykdaam. Faaks leit dêr in útdaging foar keunstners. It foarstel jout oer in tal saken lykas de strykdaam en de ynrjochting fan de Blikpôle dúdlikheid. It kolleezje wol it tempo deryn hélde. Men kin dan mei de ûndernimmers op in heldere wize kommuniseare en ûnderhannelje. farslach 17102006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 10