Ryk út is weromlutsen. In fúzje is dêrom op dit momint in stasjon te fier. Men hat wol in protte fan inoar leare kinnen. Mefrou Veldstra (FNP): Op 15 novimber is der in gearkomste foar gemeenten oer it Onderwerp 'Frysk yn de gemeenten' op de Jouwer. Mei guon gemeenten sil de Deputearre in yntinsjeferklearring Frysk taalbelied tekenje. Is de wethâlder dêr ek en sil er de yntinsjeferklearring ek ûndertekenje Wethâlder De Vries: Seit dat ta. Mefrou Veldstra (FNP): It bûtengebiet is net altyd goed berikber. De ambulânse is troch it navigaasjesysteem gauris te let. Sy neamt in foarbyld hoe't in situaasje yn it Leechlân ferkeard ôfrûn. It frachtferkear nimt faak troch it navigaasjesysteem ek in rûte dêr't de bewenners fan it bûtengebiet en yn de doarpen net bliid mei binne. Kin it kolleezje de tûkelteammen datoangeande ris ûndersykje? Wethâlder Van der Meulen: It is in tryste konstatearring. It kolleezje kin net sa maklik de gatten yn it navigaasjesysteem tichtsje. It hat lanlik ek de oandacht. As men fan sokke gatten wit, dan graach kontakt mei de gemeente opnimme foar oerlis mei de helptsjinsten. De hear Seldenrust (FNP): Yn de folder fan de Alde Feanen wurdt skreaun: 'De projectbegroting laat een investeringstotaal zien van 4,8 miljoen. De financiering van dit bedrag is nog niet geheel rond. De toezeggingen van de gemeenten Tytsjerksteradiel, Smellingerlân en Boarnsterhim hebben helaas vertragingen opgelopen in verband met de verkiezingen.' It giet him benammen om de tasizzing fan de gemeenten. De diene tasizzing bliek ek út de wurden fan de hear Miedema as foarsitter fan de Alde Feanen. De wethâlders De Vries en Minkes hawwe sein dat der gjin tasizzings wienen. De fraach nei jild wie wol bekend, mar dat soe trochskood wurde nei de foarjiersnota fan 2007. Men wol lykwols mei de bou fan it besikerssintrum noch dit jier út ein sette. Hy hat de saak nochris by de foarsitter hifke. De tasizzing is neffens de foarsitter troch it foarige kolleezje wol dien. Hoe komt dat der skreaun en sein is dat der tasizzings dien binne wylst de beide wethâlders dat stellich ûntkenne? As it net wier is wêrom hawwe de wethâlders der fuort net op agearre? Wêrom dan trochskowe nei foarjier 2007 as der tasizzingen dien binne? As der gjin tasizzingen dien binne, hoe komt it dan mei de bou fan it besikerssintrum? Hokker gefolgen kin dat hawwe foar de relaasje tusken de gemeente Boarnsterhim en de Alde Feanen? Wurdt der troch it kolleezje ek aksje op ûndernommen? En wannear wurdt de gemeenteried fan de stân fan saken op 'e hichte brocht? Wethâlder De Vries: Der hat yn de simmer in petear west mei de Alde Feanen west. Der hawwe gjin tasizzings west troch it eardere kolleezje oan it park. De gemeente Boarnsterhim hat wol in positive yntinsje sjen litten. As der neffens de nije foarsitter in oare werklikheid is dan soe hy dat graach sjen wolle. De hear Seldenrust (FNP): De wethâlder hat heare kinnen wat de hear Miedema ferkundige hat en dat is net oars as dat wat yn de folder stiet. Wethâlder De Vries: De provinsje woe earst sjen wat de yntinsjes fan de trije gemeenten wienen en men hat dêrta de kolleezjes rieplachte. De yntegrale ôfwaging sil komme by de maaitiidsnota, want dêr leit de ferantwurdlikheid fan de ried. De yntinsje fan it kolleezje is bekend en der is gjin belemmering foar de provinsje om 2,1 miljoen beskikber te stellen. Hy snapt net wat foar negative gefolgen it hawwe kin foar de relaasje tusken de Alde Feanen en de gemeente Boarnsterhim. Pagina 11 1 03 ferslach 17102006/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 13