Pagina 8
3.5 Foarstel om yn te stimmen mei it ferlingen fan de Ontheffingen foar "Langere en
Zwaardere Vrachtautocombinaties" (LZV)
De hear Hemminga (GB): Neffens syn ynformaasje wurdt der yn de praktyk gjin gebrûk fan mak
ke. Binne de rotondes (lykas yn Jirnsum) en diken der eventueel wol op berekkene?
Wethâlder Van der Meulen: De kombinaasjes moat ferkearsfeilich troch it lân ride kinne. Men hat
net de yndruk dat der op dit momint knipepunten binne.
De hear Hemminga (GB): Hy doelt ek op de struktuer fan de diken.
Wethâlder Van der Meulen: Neffens him kin men oer de diken ride. Hy wol der noch nei sjen.
De foarsitter: As A-stik nei de ried.
4. BESLUTFOARMJEND
4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 en 4.3
Mefrou Vollema: Sy wol it hawwe oer it dielgebiet B. Is tankber dat it wurd definityf Ontwerp no
oan de kant is. Sy is tefreden mei de tasizzing dat it swiere ferkear op de Marswei in belangryk
oandachtspunt wêze sil. Dat giet dan oer de bussen, de oalje-auto en it deistige ferkear. Sy hat
de tekeningen fan it Wetterfront nochris goed besjoen. Men sjocht as men út de buorren komt en
út kanaal wei it blik. Men wol graach nij foar âld. Sy is de FNP tankber dat dy sein hat dat men
fan tefoaren ynformearre wurde moat.
De hear Bruinsma: Men fynt te min fan de oanbefellings fan PB yn it riedsfoarstel werom. Der
kinne noch feroarings oanbrocht wurde. PB freget him dan ek óf wat de reden is om it riedsbeslút
fêst te stellen. Yn it ferline hat men as PB meiprate kinnen oer de plannen foar it Wetterfront,
mar by de útwurking no is der gjin oerlis mear. Der wurdt mei gjin wurd praat oer de ófwikings
fan PB sa't dy yn it ynformaasjetrajekt ynbrocht binne. It is spitich dat it sa iensidich besjoen
wurdt.
De problematyk fan it parkearen op de Blikpóle wurdt los sjoen fan de algemiene parkearproble-
men yn Grou. It parkearen moat neffens PB earst oanpakt wurde. Der kin dan no ek net in beslút
oer it parkearen nommen wurde. Men makket him ek soargen oer de fitaliteit fan de beammen as
de grûn ferhege wurdt. Der leit in kâns om fan de Blikpóle wat moais te meitsjen. Makket de kap-
fergunning ûnderdiel út fan de nije plannen? Troch oan alle easken fan GWS te foldwaan is it al-
gemien belang yn 'e knipe rekke. "Een openbaar toegankelijk wandelpad zou voor GWS niet ac
ceptabel zijn.' Hoesa? As men nei it ûnderhannelingsresultaat sjocht, fynt PB dat de gemeente
GWS tefolle skewield hat. In promenade by it wetter lâns jout fisueel in rommer byld fan de Blik
póle.
Foar de Minne Finne moat alles noch útwurke wurde, mar de skiphuzen en de wenarken kinne
bestean bliuwe. De ienheid fan it Wetterfront komt yn gefaar troch it postsegelwurk fan de ge
meente. PB pleitet foar de oarspronklike fisy en plannen. In promenade dy't mei in koarte ûnder-
brekking by it wetter lâns rint. Wat is de needsaak fan it fêststellen fan it riedsfoarstel (mei út-
sûndering fan de strekdaam)? Hy pleitet foar in kreatyf omgean mei it útwurkjen fan de plannen
en dêr wol PB graach oan meiwurkje. It béste is net goed genóch foar Grou.
De hear Visser: Op 17 oktober hat de gemeente in oerienkomst sluten mei it bestjoer fan GWS.
De foarsitter fan GWS sei dat it bestjoer frij mandaat hie om de oerienkomst te sluten. Op de le-
degearkomste fan GWS op 10 jannewaris is it foarstel oer de dnderhannelings mei de gemeente
oer de ferhuzing yn Middelseegemeenten nei foaren brocht. Der stiet net yn de notulen dat it be
stjoer frij mandaat hat om ja te sizzen tsjin de oerienkomst. Hy wiist op artikel 10.3 fan de statu
ten op grûn wêrfan't it bestjoer fan GWS tastimming fan de algemiene ledegearkomste hawwe
ferslach 31102006/absh/8