Pagina 8 3.5 Foarstel om yn te stimmen mei it ferlingen fan de Ontheffingen foar "Langere en Zwaardere Vrachtautocombinaties" (LZV) De hear Hemminga (GB): Neffens syn ynformaasje wurdt der yn de praktyk gjin gebrûk fan mak ke. Binne de rotondes (lykas yn Jirnsum) en diken der eventueel wol op berekkene? Wethâlder Van der Meulen: De kombinaasjes moat ferkearsfeilich troch it lân ride kinne. Men hat net de yndruk dat der op dit momint knipepunten binne. De hear Hemminga (GB): Hy doelt ek op de struktuer fan de diken. Wethâlder Van der Meulen: Neffens him kin men oer de diken ride. Hy wol der noch nei sjen. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 en 4.3 Mefrou Vollema: Sy wol it hawwe oer it dielgebiet B. Is tankber dat it wurd definityf Ontwerp no oan de kant is. Sy is tefreden mei de tasizzing dat it swiere ferkear op de Marswei in belangryk oandachtspunt wêze sil. Dat giet dan oer de bussen, de oalje-auto en it deistige ferkear. Sy hat de tekeningen fan it Wetterfront nochris goed besjoen. Men sjocht as men út de buorren komt en út kanaal wei it blik. Men wol graach nij foar âld. Sy is de FNP tankber dat dy sein hat dat men fan tefoaren ynformearre wurde moat. De hear Bruinsma: Men fynt te min fan de oanbefellings fan PB yn it riedsfoarstel werom. Der kinne noch feroarings oanbrocht wurde. PB freget him dan ek óf wat de reden is om it riedsbeslút fêst te stellen. Yn it ferline hat men as PB meiprate kinnen oer de plannen foar it Wetterfront, mar by de útwurking no is der gjin oerlis mear. Der wurdt mei gjin wurd praat oer de ófwikings fan PB sa't dy yn it ynformaasjetrajekt ynbrocht binne. It is spitich dat it sa iensidich besjoen wurdt. De problematyk fan it parkearen op de Blikpóle wurdt los sjoen fan de algemiene parkearproble- men yn Grou. It parkearen moat neffens PB earst oanpakt wurde. Der kin dan no ek net in beslút oer it parkearen nommen wurde. Men makket him ek soargen oer de fitaliteit fan de beammen as de grûn ferhege wurdt. Der leit in kâns om fan de Blikpóle wat moais te meitsjen. Makket de kap- fergunning ûnderdiel út fan de nije plannen? Troch oan alle easken fan GWS te foldwaan is it al- gemien belang yn 'e knipe rekke. "Een openbaar toegankelijk wandelpad zou voor GWS niet ac ceptabel zijn.' Hoesa? As men nei it ûnderhannelingsresultaat sjocht, fynt PB dat de gemeente GWS tefolle skewield hat. In promenade by it wetter lâns jout fisueel in rommer byld fan de Blik póle. Foar de Minne Finne moat alles noch útwurke wurde, mar de skiphuzen en de wenarken kinne bestean bliuwe. De ienheid fan it Wetterfront komt yn gefaar troch it postsegelwurk fan de ge meente. PB pleitet foar de oarspronklike fisy en plannen. In promenade dy't mei in koarte ûnder- brekking by it wetter lâns rint. Wat is de needsaak fan it fêststellen fan it riedsfoarstel (mei út- sûndering fan de strekdaam)? Hy pleitet foar in kreatyf omgean mei it útwurkjen fan de plannen en dêr wol PB graach oan meiwurkje. It béste is net goed genóch foar Grou. De hear Visser: Op 17 oktober hat de gemeente in oerienkomst sluten mei it bestjoer fan GWS. De foarsitter fan GWS sei dat it bestjoer frij mandaat hie om de oerienkomst te sluten. Op de le- degearkomste fan GWS op 10 jannewaris is it foarstel oer de dnderhannelings mei de gemeente oer de ferhuzing yn Middelseegemeenten nei foaren brocht. Der stiet net yn de notulen dat it be stjoer frij mandaat hat om ja te sizzen tsjin de oerienkomst. Hy wiist op artikel 10.3 fan de statu ten op grûn wêrfan't it bestjoer fan GWS tastimming fan de algemiene ledegearkomste hawwe ferslach 31102006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 22