Pagina 10 de promenade net yn de knipe? GB kin allinne ynstimme mei it ûnderdiei oangeande de strek- daam. De hear Zijlstra (CDA): It CDA is foar it foarstel. Der is al 12 jier oer praat. It kolleezje is aardich temjitte kommen oan de opmerkings fan de foarige kear. Der komt noch in foarljochtingsgear- komste en der wurdt yn Op 'e Hichte mei in tema-nûmer oer publisearre. Wethâlder De Vries: It kolleezje wol foar Grou it moaiste Wetterfront fan Fryslân. Hat men it oer in glês dat heal fol is of dat heal leech is? Men hie in fisy oer Grou. In protte 'mitsen en maren' binne ynherint oan sa'n fisy. Men is net altyd eigner fan de grûn en men is dan ôfhinklik fan oare partijen. Men hat neffens him mei de belangrykste partij oerienstimming berikt. It kolleezje hat ek it idee dat it bestjoer fan GWS in mandaat hat. Men sil net in oerienkomst tekenje as it net rjoch- tsjildich is. Hy hat net it byld dat GWS der sa goed mei fuortkommen is as guon foarstelle. Men moat de gong yn de útfiering fan it Wetterfront krije. De fisy bliuwt it útgongspunt; men moat dór sa ticht mooglik by bliuwe. Der is mear omtinken foar it grien fan de Blikpôle en it parkearen wurdt oanpakt. De promenade komt frij ticht by it wetter lâns en rint fan de Minne Finne nei de Kade ta. In heal jier lyn wie der noch in negative sfear omtrint it slagjen fan it plan. Yn it iene dielgebiet kin men mear foarderings meitsje as yn it oare. Oan tal fan punten moat noch omtin ken jdn wurde. De hear Hemminga (GB): Wannear wurdt der oer de útfiering fan dy punten besletten? Hy nimt oan dat de finansjele konsekwinsjes yn de ried oan de oarder komme. Wethâlder De Vries: Dat sil neffens him ek sa barre. It yntegrale parkearbelied sil oan bod komme en hy tinkt dat de parkeardruk ôfnimme sil. It kolleezje giet net oer it mandaat fan GWS. Hy giet derfan út dat de promenade foar de bedriuwen lâns giet. As de eigners lykwols net wolle dan hat men it alternatyf om achter de bedriuwen lâns te gean. Oer de wenarken hat men noch hyltyd deselde fisy. Men wol op in fatsoenlike wize mei de bewenners omgean. Mefrou Dekker (PvdA): Freget oft de wethâlder op de fragen yngean wol. De foarsitter: Wijst erop dat men in de vorige raadsvergadering al veel vragen heeft kunnen stel len. Men zal straks een besluit moeten nemen. De hear Seldenrust (FNP): De wethèlder giet wiidweidich mei de matearje om, mar hy giet net op de fragen yn. It is net om 'e nocht in B-stik. Foar in goede beslútfoarming moat men wol goede ynformaasje hawwe. Wethâlder De Vries: Der wurdt kommunisearre mei de belutsenen. Der komt yn novimber in yn- rinjûn en dêr sil in digitalisearre byld fan de promenade komme. Der is ûndersyk dien nei de beammen. In tal beammen sil it net oerlibje. De strekdaam sil de slibfoarming ta in minimum be- heine. Hy ferwachtet de earste 20 jier gjin baggerproblemen en der binne gjin beheinings om te baggerjen. Hy moat de fraach oer de fergunnings foar de Oosterveldwyk útsykje. It iepenbiere ka rakter fan de Blikpôle bliuwt oerein. Earst komt de parkearfisy en dan komt der ek in útwurking fan it iepenmeitsjen fan de Haven. Wethâlder Van der Meulen: It fergunningbelied is net wizige. En as der in fergunning (Oosterveld) ynlutsen is dan sil dat terjochte west hawwe. Twadde termyn ferslach 31102006/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 24