De tiear Seldenrust (FNP): De brief is ek rjochte oan de ried. It is in drege saak en men kin it na
samar ôfdwaan litte troch it kolleezje.
De hear Zijlstra (CDA): As it giet oer de oerienkomst mei de GWS dan is it neffens him in saak
fan it kolleezje.
Mefrou Dekker (PvdA): Tinkt der ek sa oer. Mar elke fraksje kin fansels reageare.
De hear Hemminga (GB): Normaal wurde stikken dy't ek oan de ried stjoerd binne troch it kollee
zje beantwurde mei de ferwizing 'gehoord hebbende de raad'. Sa soe hy it no ek hâlde wolle.
De foarsitter: De mearderheid fynt dat it punt as foarsteld ôfdien wurde kin.
2. YNFORMEARJEND
2.1 Meidielings:
a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders
De foarsitter: Der binne gjin meidielings.
b: Mienskiplike Regelingen
De foarsitter: Der binne gjin meidielings.
c: Oanfoljende tydlike húsfesting gemeentehûs
De hear Van der Woude (PvdA): Men is bliid dat it kolleezje each hat foar in goed wurkplak foar it
personiel. Alle kosten soene lykwols út it fêststelde kredyt helle wurde en no wol it kolleezje de
bekostiging út de bedriuwsfiering helje. It kredyt kin noch net op wêze omdat it gebou noch net
k'ear is. Hy pleitet dêrfoar om oan de eardere ôfspraken fêst te hâlden.
De hear Van der Sluis (VVD): It gebou foldie net oan de easken en de VVD kin begripe dat der in
nij diel byhierd is. De hierphis fan it Heinekengebou moat dan lykwols oanpast wurde, sadat der
gjin kosten foar de gemeente út fuortkomme.
Wethâlder De Vries: De punten sille meinommen wurde nei de portefúljehâlder. De ferhierder hat
ekstra maatregelen nommen om it gebou oan te passen. Der is ek in minimaal tal kante meters
fereaske per meiwurker en dêr is no oan foldien. Men kin de kosten op ferskillende wize ûnder-
bringe. Hy wol graach witte wat de ried fan it foarstel fan de PvdA fynt.
De hear Hemminga (GB): Is it iens mei de PvdA. Dus út it kredyt helje.
De foarsitter: Stelt fêst dat it oan de portefúljehâlder foarlein wurdt.
3. M/EN/NGSFOARMJEND
3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 en 3.3
De foarsitter: Der binne gjin ynsprekkers.
3.2 Foarstel om it kontroleprotokol foar de akkountantskontrole oer 2006 fêst te stelten
De hear Douma jout mei help fan sheets in koarte presintaasje oangeande de akkountantskontro
le. Dêrfan wurdt in hand-out beskikber steld.
Mefrou Veldstra (FNP): De dielferantwurdlikens foar it grûnbedriuw soe neffens de akkountant
net spylje yn Boarnsterhim. De kaderstellende kolleezjebesluten (ynkeap en oanbestegings) soene
net mear ferplichte wêze. Yn it ferslach fan 2005 hat de akkountant it kolleezje lykwols advi-
seard krekt dêryn in ynhelslach te meitsjen.
Pagina 2
1 03 ferslach 07112006/absh/2