Pagina 6 4. BESLUTFOARMJEND Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen oer wurklistpunt 4.2 Ferfolch behannellng fan foarstel om It definitive Ontwerp fan it Wetterfront fêst te Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat gjin fragen oan it kolleezje. Men wol sa gau mooglik los, want men is der no al sa'n 12 jier mei dwaande. It kolleezje woe de ynsette projekten sa gau mooglik oanpakke. Dat is mei dit projekt dan ek bard en sy fynt it geweldich dat it yn in pear moannen ta stân kommen is. Men kin it net elkenien nei it sin meitsje. Mar yn grutte halen binne de resultaten tige goed. De wethâlder sil noch mei in fisy komme oer de parkearplakken. Der sille ek noch petearen wêze mei in tal partisipanten lykas it Theehûs. De Halbertsmafilla wurdt op knapt, no komt it Wetterfront derby en dêrmei knapt it op foar de Grousters. Men wol as PvdA dochs' wol wat mear dwaan. Men kin yn gearwurking mei PB ris neigean kin hoe't soks better yn- fold wurde kin. De Grousters hawwe rjocht op in moai oansicht fan Grou. Wethâlder De Vries: Ferwiist nei de brief dy't de riedsleden krekt fan him krige hawwe. Dêryn wurdt oanjûn hoe't it parkearen him ta de fisy fan novimber 2005 en ta de nije fisy ferhâldt. It kolleezje freget om yn te stimmen mei de útwurking oant sa fier en om eventueel in alternatyf te kiezen foar de twa beskreaune plakken. En om fatsoenlik om te gean mei de wenarkebewenners. It kolleezje komt werom mei útwurkingen fan de yntegrale fisy oer it parkearen, de promenade oer de Marswei, it útgraven fan de Gedempte Haven en de Minne Finne. De fisy bliuwt it út- gongspunt yn it oerlis mei ried, PB, bewenners en bedriuwslibben. Yn novimber is der in presin- taasje yn it doarp. Men sil fierder prate mei de minsken oer de oanklaaiïng. Men sil dêrby ek each hawwe foar de estetyske kant. Men fernimt dat it Wetterfront yn beweging is en dat der be trouwen yn it kolleezje is. It draachflak groeit. De oerienkomst mei GWS jout ek de romte om mei oare ûndernimmers ta in oerienstimming te kommen. De foarsitter: Stelt foar om haadlik oer it foarstel te stimmen. De hear Seldenrust (FNP): Freget om in tredde termyn. De hear Bouma (VVD): Is it dêrmei iens. De foarsitter: Stelt fêst dat de mearderheid net foar in tredde termyn fielt. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat ferlet om te reagearjen op de wurden fan de wethâlder. De FNP komt mei in amendemint. De foarsitter: Dat is te let want it oerlis hat west. De hear Hemminga (GB): Wol oanjaan dat GB ek foar in tredde termyn is. De hear Van der Meer (GB): Het verhaal van de wethouder is geen antwoord op de gestelde vra gen. De foarsitter: Men hie ek ynterrumpearje kinnen. Bringt it foarstel yn stimming. De hear Bouma (VVD): Is tsjin. Hy Is allinne foar punt a. Mefrou Jonkman (FNP): Tsjin, mar foar punt a. De hear Seldenrust (FNP): Tsjin, mar akkoart mei a. 1 03 ferslach 07112006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 31