Pagina 7 De hear Van der Sluis (VVD): Tsjin, mar akkoart mei a. Mefrou Veldstra (FNP): Tsjin, mar akkoart mei a. De foarsitter: It foarstel wurdt mei 12 stimmen foar en 5 stimmen tsjin oannommen. Tsjinstimd hawwe de leden Bouma, Jonkman, Seldenrust, Van der Sluis en Veldstra. 4.3 Foarstel om in 'voorziening Friese Meren' yn te stellen en in kredyt beskikber te stellen De foarsitter: Der wurdt konfoarm it foarstel besletten. 4.4 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen Mefrou Meinderts (CDA): Sy hat in fraach oer it planologysk belied oangeande de wenskippen en wenarken. len fan de ynsprekkers wol graach bouwe. De persoan wurdt foar syn gefoel oan it lyntsje hâlden. Wat is de reden dat it sa lang duorret? Hoe is de kommunikaasje? Mefrou Dekker (PvdA): Dat hie men op it gemeentehûs neifreegje kinnen. It kin better skriftlik ôf- hannele wurde omdat it oer persoanen giet. Mefrou Meinderts (CDA): It kin gefolch hawwe foar it takomstich belied foar wenarken. It mei om har wol skriftlik beäntwurde wurde. It giet har benammen om oandacht te freegjen foar de kommunikaasje. Mefrou Jonkman (FNP): Wat wol it kolleezje dwaan oan de Ijochtfersmoarging yn de gemeente? Soe men dêr nochris oer prate kinne? AHinne de iepenbiere fraksjegearkomsten en de aginda binne yn it Frysk yn Op 'e Hichte. Dat is wol oan de meagere kant. Nei oanlieding fan in termyn fan 6 wike om beswier te meitsje te kinnen, wylst men dan mar yn werkiikheid in wike de tiid hat: men moat de boarger wol serieus nimme. Wethâlder Minkes: Men sil oars mei it Ijocht omgean moatte as oant no ta. It soe goed thús hea- re yn de diskusje oer it miljeubeliedsplan op de gearkomste op 19 desimber. De fraach fan mefrou Meinderts giet oer private persoanen. By it fêststellen fan it planologysk belied wienen de bygebouwen by wenarken der bûten hâlden. It amtlik apparaat soe har dêr mei dwaande hâlde; der is lykwols te min kapasiteit op dit momint. Der wurdt wol deeglik kommuni- seard mei de minsken, mar men krijt net altyd it antwurd dat men heare wol. Wethâlder De Vries: Op 15 novimber wurdt fan Boarnsterhim ferwachte de yntinsje út te sprek- ken it Frysk mear hannen en fuotten te jaan. Men is der op dit stuit net alert genôch op. Men wol begjin 2007 sjen hoe't men op in handige wize mear stal jaan kin oan it Frysk. Oer de terminen by fergunnings: Soms wit men net earder wat der spilet. Men moat de prosedu- ere goed foar eagen hâlde, mar ek nei de geast fan it reglemint hannelje. Mefrou Jonkman (FNP): Moat men dan ek tsjin ynstjinners sizze dat men te let is?. Wethâlder De Vries: Dat bart wol. Men moat wat romte hâlde. De oanfraach kin soms troch om- stannichheden let binnen komme. Wethâlder Minkes: Sy kin it dilemma. As men situaasjes as kritysk beoardielt dan sjocht men der faak wat oars tsjin oan. Yn oare omstannichheden is it lykwols akseptabel om sa te wurk te ae- an. a 1 03 ferslach 07112006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 32