Pagina 6 De hear Gerbrandij (CDA): Boamsterhim hat in pear minne jierren achter de rêch. Neffens de wethâlder hat men de saak no wer goed op oarder. De relaasje tusken de maaitiidsnota 2006 en de begrutting 2007: der wurdt praat oer in ôfspraak oer de wize fan ynfolling fan de taakstelling. Dat wurdt net maklik. De minsken wienen by de jdn yn Poppenwier tefreden oer de gemeente, mar sy hienen fansels ek winsken. De krapoan twa ton op de reserve binne lykwols samar fuort. Stribje dernei om dit sa te hâlden. Men moat net fierder wêze mei it jild as mei de tiid. De maaitiidsnota is de rdtekaart foar de begrutting. Mefrou Veldstra (FNP): It is spitich dat de parse earder op 'e hichte wie fan de stân fan saken as de riedsleden. De opmerking fan de wethêlder om it bedrach te besteegjen oan it dnderhâld fan de diken en gebouwen giet de FNP fierstente fier. De hear Bouma (VVD): It is in goede saak dat de finênsjes wer op oarder binne. Hy fdn it ek nuver dat men it earst yn de parse léze moast. De VVD wol it jild brdke foar de reserve foar it fytspaad Grou-Warten. De hear Hemminga (GB): Men hat net in echt reëel slutende begrutting. De ynvestearrings dy't útfierd wurde yn 2007 wurde yn 2009 boekt. It fytspaad stiet ek by GB hiel heech op de prioriteitelist. Mar de besteging fan it jild komt yn de foarjiersnota oan de oarder. De hear De Visser (PvdA): Der blykt sa'n 2 ton as posityf saldo te wôzen. Men hat blykber de finânsjes goed yn de greep. Komplimint dêrfoar oan de wethâlder en de amtners. Der is foar dit jier 14.490 euro útsparre en dat kin miskien bestege wurde oan in boartersplak yn Grut Palma. Wethêlder Van der Meuten: Men klaut wer wat by de wâl op. Der binne lykwols in tal majeure projekten dêr't men bepaalde risiko's by rint. It is lykwols posityf dat men wer foarút sjen kin. De measte riedsleden sjogge blykber earder de Grouster as de eigen e-mail. Der sil in tal saken ôfwoegen wurde en de ried sil in kar meitsje kinne. De begrutting komt sa gau mooglik nei de ried ta. Twadde termyn De hear Gerbrandij (CDA): Men hat ferskillende saken yn Poppenwier heard; hy fynt dat de maaitiidsnota it plak is om ynfolling oan it jild te jaan. De foarsitter: Op 14 november zal over de begroting gesproken worden. 3.3 Foarstel om it definitive Ontwerp fan it Waterfront fâst te stellen Mefrou Dekker (PvdA): Kloppe de kaarten en is it park iepenbier? Hoe is de stân fan saken mei it Theehûs en Aqua Marina? Hoe stiet it mei de toilet- en dûsfoarsjenning? De hear Van der Sluis (VVD): It algemiene parkearplan foar Grou hie der al wêze moatten. Dan hie men no better oer de parkearplakken prate kinnen. Der is ek noch gjin oerienstimming mei Aqua Marina. De Boerewâl kin neffens him hielendal net iepen en dat woe de VVD eins ek net. De boargers hienen in bettere taljochting op de wizige kaarten krije moatten. De knik yn de strykdaam is in goed idee. It is spitich dat der stoartstien brûkt wurdt. Dat is in grut probleem foar minsken mei in syiboat. In massa oan auto's op de dyk is net in moai gesicht. De wetterpromenade soe by de dyk by it Theehûs lâns moatte. Men hat der as VVD gjin problemen mei dat de skiphuzen en de wenarken op de Minne Finne der earst bliuwe. De hear Seldenrust (FNP): It Wetterfront is al tsientallen jierren oan de oarder. Der is no in bytsje jild. Vn it stik sitte noch in protte ûndúdlikheden en it stik is ûnfolslein. Kinne leden fan GWS ferslach 17102OO0/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 8