BOARNSTERHIM gemeente BESLUTFOARMJEND RIEDSFOARSTEL Status beslútfoarmjend Riedsgearkomste 12 desimber 2006 Agindapunt 4.3 (B-stuk) Eardere behanneling 31 oktober en 28 novimber 2006 Portefúljehâlder boargemaster P. Schadd-de Boer Behanneljend amtner M.T. de Wolff telefoan: 0566 - 629314, e-mail: wolffm@boarnsterhim.nl Underwerp: Feroardering foarsjennings foar wethâlders, rieds- en kommisjeleden Nei oanlieding fan de riedsbehanneling op 31 oktober is artikel 26, lid 4 oanpast) Foarstel: 1. Stel de feroardering "Verordening rechtspositie wethouders, raads- en commissieleden 2006" fêst; 2. Stel de "Verordening outplacement gewezen wethouders 2006" fêst; 3. Lûk de "Regeling outplacement gewezen wethouders" yn; 4. Stel de earste wiiziging yn de "Verordening rechtspositie wethouders, raads- en commissieleden 2006" fêst neffens de ledenbrief MARZ/CvA/U200601086. Ynlieding: Foar leit no in aktualisearre ferzje fan 'e foarbyldferoardering 2002. Op grûn fan 'e ûnderfinings fan 'e brûkers dêrmei en fanwege de wiizige belestingregels en rjochtsposysjebepalings wie der reden op dit opennij fêst te stellen. De feroardering Ontlient syn bestean oan de foarskriften fan sawol it Rjochtsposysjebeslút wethâlders en it Rjochtposysjebeslút rieds- en kommisjeleden. Yn kêst 26, lid 4 wurdt de boppegrins fan de fergoedings fan 'e leden van de riedskommisjes lykas de kommisje Berop en Beswier en de Rekkenkeamer bepaald. De feitelijke fergoedings wurde regele yn de regleminten. Hjir wurdt it ramt bepaald. Om twa mosken yn ien flap te fangen wurdt ek fuortendaliks de outplacementregeling âld- wethâlders fan 1995 ferfongen. Fierders is der al in earste wiziging op de foarbyldferoardering kommen, dizze kin ek fuortendaliks fêststeld wurde. Arguminten: 1. it jout dúdlikens. Yn de feroardering is fêstlein Onder hokker betingstenbestjoerders en riedsleden earne gebrûk fan meitsje kinne of wat fergoede krije kinne. Kanttekenings: De feroarderingen regelje allinne it wetlik ramt. De útfiering wurdt troch de funksjonele ôfdielings regele. As it sa útkomt kin it presidium dêr ek by belutsen wurden. 4 03 feroardering foarsjennings wethâlders ca/pomw/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 43