Pagina 2 Mefrou Dekker (PvdA): Wêrom is de begruttingswiziging der no noch net? De foarsitter: Deze is nog niet compleet en het college wil het samen aanbieden met de bestuurs- rapportage. De hear Koopmans: Hy sprekt út namme fan de jongereinried. Boppeoan stiet it bouwen fan star- terswennings. De bouplannen fan de gemeenten foarsjogge dêr net yn. Troch goedkeapere huzen óf te brekken en djoerdere huzen dêrfoar te bouwen lûkt de jongerein fuort. Men moat yn de nij- bouwiken wenningen fan ferskillende typen bouwe. Der moatte ek boartersmooglikheden foar bern wêze op ferskillende lokaasjes yn de wiken. As de jongeren gjin mooglikheden hawwe om te boartsjen bliuwe sy achter de kompjûter hingjen. Foar de âldere jeugd soe ek wat barre moatte. De gemeente hat wol in tal jeugdhonken, mar dy binne net faak genôch iepen. Men soe nei it gebrûk sjen kinne. Jongeren wolle har net fêstbine oan lange termyn kontrakten, mar steane der wol iepen foar om sa no en dan wat te organi- searjen. De jongerein kin ek better by it frijwilligerswurk belutsen wurde. It mes snijt dan oan twa kanten. It fytspaad Grou-Wergea moat der sa gau mooglik komme. Dan soe der ek mear jeugd op de nije skoalle komme kinne. 2.2FSststellen fan de begrutting 2007 De foarsitter: Er is een spreektijd voor de fractie in eerste termijn van 10 minuten en in de twee de termijn 5 minuten. Het college heeft een spreektijd van 20, resp. 15 minuten. De hear Bouma (VVD): Troch de taljochting fan de boargemaster tinkt hy dat de begrutting der it oare jier hiel oars út sjocht. Hie it net better west om de hiele ried yn ien kear te ynformearjen? Dat hie wat ynteraksje tusken de partijen en ried en kolleezje jûn. De VVD kin de analyze ûnders- kriuwe. Men is wol skrokken fan wat der frege wurdt, û.o. in financial controller. Men kin as kol leezje dus net blynfarre op de sifers dy't troch de ôfdieling finânsjes nei foaren brocht wurde. Mefrou Dekker (PvdA): Sy hat gjin analyze sjoen. De hear Bouma (VVD): Ofrûne tongersdeitemoarn wie de PvdA net by it oerlis oanwêzich. In tal saken is net dúdlik. It hat te meitsjen mei de finênsjes. De VVD hat der altyd foar pleite om dêr better tasicht op te hélden. De krityk fan de akkountant yn de managementletter wie terjochte. It jild is op en der komme grutte tekoarten foar de kommende perioade. De ekstra útkearing fan de BNG jout wat ferljochting. De ynhier fan krachten: men hat in tekoart op dat ûnderdiel fan 6 ton. Dat is los fan de bedriuwsfiering dêr't men elk jier 3 ton foar reserveard. Foar de bydrage fan 2008 en 2009 wol it kolleezje dy nei foaren helje. Dan kin men opteld 1,8 miljoen net besteegje oan winske saken. Wat moat men as kolleezje? Is it allinne mar op de winkel passé? Wat bliuwt der no fan de ambysjes oer? It kolleezje leit gelokkich wol de finger op it seare plak. It grutste part fan de pine komt út it foarige kolleezje fuort. De VVD hie it graach oars hawwe wollen. De reorganisaasje moat fansels trochgean, mar wat moat men mei de nije ambysjes? En hoe sjocht it kolleezje oan tsjin it belied fan de foargongers? Hy soe der nochris in jûn mei elkoar oer prate wolle. Is der in útjeftestop nedich? De ferbettering fan budzjetrapportaazjes giet mar stadich foarút. Wat is de hêldberheidsdatum fan de begrutting? Der is no noch 25.000 euro op de be grutting oer en der komme nije tsjinfallers oan. De VVD kin de begrutting dan ek net goedkarre, want men hat gjin goed sicht op de finênsjes en der lizze noch te folie fragen. Mefrou Veldstra (FNP): Yn de maaitiidsnota hat de ried de kaders oanjûn. Der is romte frijmakke foar behearsplannen lykas foar iepenbier grien, gebouwen, brêgen, wegen, sluzen, monuminten en baggerjen. Men wie optein oer it positive resultaat fan 2 ton. Ek by de trochkyk fan de rieds- gearkomste fan twa wike lyn die bliken dat de wethâlder dizze line oanhêlde woe. It is wrang dat Ferslach 14112007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 4