Pagina 3 men no heart dat it oerskot mooglik nei de organisaasje-ûntwikkeling moat. Wie dat net bekend by de trochkyk? It komt dochs net samar út de loft tallen? Wêrom is net earder in sinjaal jûn? Men is as fraksjefoarsitters in tal dagen lyn op 'e hichte brocht fan de problemen. Op 25 july waard yn de Leeuwarder Courant ferkundige 'Lucht klaart op in Blunderhim' en no hinget der in swarte loft boppe de gemeente. Der sil in neier plan fan oanpak komme moatte ynklusyf in aks- jeplan. De ried sil troch fuortgongsrapportaazjes alle moannen op 'e hichte brocht wurde moatte. Wa is ferantwurdlik foar de fuortgong? De strukturele opheging fan it opliedingsbudzjet sil kânsen biede foar it brûken fan it Frysk. De projektûntwikkelders strike de winst op en dy hat men net mear nedich foar nije projekten. Boarnsterhim hat in fierstente grutte broek oan en men sil mear en mear in berop dwaan moatte op de buorgemeenten, alhoewol't de gearwurking net altyd posityf útfalt. It riedsprogram komt Onder druk te stean. Meitsje de rinnende projekten earst mar óf en bring de risiko's yn byld. De ried stiet no mei in lege knip. Der is by de nije termyn keazen foar 3 wethâlders en dêr wie de FNP net wiis mei. Soenen de wethâlders net moreel ferplichte wêze om in bydrage te jaan? Fan de outplacementregeling waard gjin gebrûk makke en dat soe no mei faasje oanpakt wurde moat te. Men is ek benijd nei de reaksje fan it personiei. Wannear kin men foar it Frysk it plan fan oan pak ferwachtsje? De mearderheid fan de ried hat har yn de moasje dêr foar útsprutsen. It is spi- tich dat it om finansjele redenen oer giet dit jier. Leit der net in ôfspraak dat brieven dy't yn it Frysk oan it kolleezje rjochte binne ek yn it Frysk beäntwurde wurde? De hear Gerbrandij (CDA): Men moat jinsels net leechlizze. Hy wol dêrom in oar lûd heare litte. Yn de maaitiidsnota binne de kaders oanjOn en men hoecht no allinne te kontrolearjen oft dêr oan foldien is. Men wie foar senario 2; doe wie der in tekoart fan 35.000 euro en dat wie by de tro chkyk omslein yn in oerskot fan twa ton. De wethêlder hat by de trochkyk sein dat men jin net ryk rekkenje moast. Hy hat seis der ek op wiisd dat men net te fluch en rojaal saken tasizze moast nei oanlieding fan de doarpsfisy-gearkomste yn Poppenwier. Der moat jild komme foar de jongereinried en de pont. Yn de maaitiidsnota 2007 wurdt de rûte oanjûn foar de nije begrutting. De meifaller is yn gedachten faaks al te gau útjûn. It CDA fynt dat de organisaasje goed op de fuotten stean moat om in goede tsjinstferliening garandeare te kinnen. Yn grutte linen kin it CDA mei it foarstel meigean. It kolleezje hat goed wurk dien. De hear Bouma (VVD): It fytspaad Grou-Warten is bygelyks net helber. Is dat ek goed wurk? De hear Gerbrandij (CDA): Der is yn de maaitiidsnota in bedrach reservearre foar it opstarten fan it fytspaad. Dat is neffens him net oan de kant. De hear Bouma (VVD): Dat is foar it oanfoljend ûndersyk. Moat men dy ton noch útjaan? De hear Gerbrandij (CDA): Men moat it wol opstarte kinne, want oars is men op it momint fan út- fiering te let. De hear Hemminga (GB): Op de gearkomste mei de fraksjefoarsitters is in frij yndringend ferhaal dien. In planning en control cyclus dy't net doocht is bygelyks in slimme saak. GB hat earder ek soargen oer de finansjele situaasje útsprutsen. Men hat ferline wike in befêstiging fan dy soarch krige. It binne liken út de kast. It foarige kolleezje hat gjin omtinken jûn oan opmerkingen fan de de kant fan GB. Gelokkich hat it nije kolleezje it wol oppakt. De twa ton is dringend nedich foar de reorganisaasje. As de begrutting al oanpast wurde moat dan is men no dwaande mei in be grutting dy't ynkoarten wizige wurdt. GB kin der sa net mei akkoart gean. De tastân fan de wegen: yn de programmabegrutting fan 2006 stiet dat der in budzjet jierliks ne dich wie fan 1,25 miljoen. Dat is no út de begrutting ferdwûn. Mei in wegebehearsysteem komt men der net. Dat jildt ek foar de brêgen. Ferslach 14112007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 5