Pagina 4 De skouplichtige sleatten: der wie yn 2004 in achterstân fan 8 ton, mar dêr is gjin romte op de begrutting foar reservearre. It eigen fermogen is yn in jier tiid twa miljoen leger wurden. De skuld is heger en GB hat har soarch oer it wjerstânsfermogen. It gemeentehOs blykt ek djoerder te wurden. De automatisearring wurket net goed alhoewol't der wol jierliks 8 ton foar reservearre is. Hat it kolleezje wol grip op dy saken? Men hat yn it grûnbedriuw noch net in buffer fan in miljoen weromfine kinnen. De twa ton fan it oerskot is al fuort; en dan moat men noch jild sykje foar de skoalling fan it personiel. GB hat in protte soargen oer de finansjele situaasje fan de gemeente en is benijd nei de taljochting fan de wethêlder. Men soe letter de begrutting mei de wiziging fêststelle moatte. Mefrou Dekker (PvdA): By de maaitiidsnota binne de kaders oanjûn. Op deselde gearkomste bin- ne de soargen Otsprutsen oer de frij hege ambysjes fan de gemeente. Men soe gjin saken oan it kolleezje oplizze. Men fûn it wichtich dat saken as de brede skoalle en it Wetterfront trochgean kinne. It nije kolleezje wurket transparant en sy fynt it posityf dat it kolleezje lepenheid fan saken jout. Men sil bepaalde ambysjes bystelle moatte. De hear Seldenrust (FNP): Miste de PvdA de transparânsje by it foarige kolleezje? Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje jout gjin wearde-oardiel oer it foarige kolleezje. De hear Hemminga (GB): Wêr lizze neffens de PvdA dan de oarsaken fan de problemen? Mefrou Dekker (PvdA): Men moat no foarútsjen. De ried soe ynkoarten by inoar komme moatte om de saken goed te besjen. It is ek wichtich dat der in goede organisaasje komt. Dat bnngt dan DeMsTn'^protteVus'traasje by de boarger oer de regeijouwing. Minsken moatte bygeiyks mei de 31de en nije dakpanne op it gemeentehOs komme as men nije dakpannen hawwe wol. Fia de APV kin de gemeente wat oan de regels dwaan. PvdA-fraksje soe it dêr ynkoarten oer hawwe woMe en dan in list fan te skrassen regels nei de minister stjoere wolle. Dat jildt dan ek foar de lanlike Menhat in goede jûn hên mei de PB-en. Wêrom is by in gearkomste fan PB net in koileezjeliden in foarljochter oanwêzich? Oer side 25: 'onderzoek naar realisatie fietspad Grou-Warten-Wergea It is dochs: Ondersyk realisaasje fytspaad? De hear Bouma (VVD): Men soe gjin nije saken oppakke neffens de óf spraken. Jildt dat ek foar de bydrage foar it besikerssintrum de Alde Feanen? Mefrou Dekker (PvdA): Dêr hat sy net by west en dêr sil noch antwurd op komme. Yn 2006 wurdt sjoen hoe't de hanthaving regionaal/provinsjaal in ferfoich krije kin. Wannear kin men dat temjitte sjen? Wethêlder Van der Meulen: It kolleezje hat derfoar keazen om de ried sa gau mooglik te ynforme- arjen oer de stén fan saken fan de reorganisaasje. Men hat dy iepenheid mei elkoar ófpraat oan it begjin fan de nije riedsperioade. Men wol ried en kolleezje in stjoer jaan en dat docht men mei be- troubere sifers en dêrom moast der in sinjaal nei de ried oerbrocht wurde. Hie men dat net earder dwaan kinnen? By de maaitiidsnota en by de trochkyk hat er dy sinjalen wol ôfjûn, mar men hie doe net de beskikking oer de krekte sifers. Der bart dochs noch in hiel protte: de DilleslQs, de brêge, ensfh. Foar in tal saken moat in begruttingswiziging komme en dat wol men foar de ein fan it jier mei de ried beprate. De hear Hemminga (GB): Dan kin men dus no net prate oer de besteging fan it oerskot. Ferslach 14112007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 6