Pagina 5 Wethâlder Van der Meulen: Dat soe it kolleezje yndied net ferstannich fine. Op dizze gearkomste soe men de begrutting fêststelle moatte en yn desimber soe men mei de ried fierder prate oer it proses, de stân fan saken en de dingen dy't nedich binne. Men past as kolleezje net allinne op de winkel, want der moatte hiel wat saken útfierd wurde. Oan de ried wurde keuzes foarlein. Hy wol net nei it ferline sjen. De hear Bouma (VVD): Mar hoe is it safier kommen? Kin hy ôfstân nimme fan it âlde belied? Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje leit út hoe't men de saken oanpakke wol. Polityk is it mis kien ynteressant om op it ferline yn te gean. Dat is dan oan de ried. De hear Bouma (VVD): De respons op de managementletters joech in tal oanbefellings. It docht no bliken dat de akkountants op dat punt gelyk hawwe. It moat oars en der moat better kontro- leard wurde. Wethâlder Van der Meulen: De kontrôle moat yndied better; it moat op in heger nivo brocht wur de. De hear Bouma (VVD): Hy fynt it in plus dat it kolleezje it better dwaan wol as yn it ferline. Wethâlder Van der Meulen: De útfiering fan de projekten en it belied moat skerper. It kolleezje wol graach stjoere mei de ried en alles net yn hannen fan projektlieders lizze. Men hat each foar gearwurking mei oare gemeenten. It moat hyltyd opnij besjoen wurde wat foar foardielen it foar de gemeente hat en ien en oar wurdt oan de ried foarlein. It Ondersyk nei it fytspaad moat û.o. nei foaren bringe hoe't de finansiering derút sjocht, wat it trasee wurdt en wat foar subsydzjes binnen te heljen binne. It hat gjin ynfloed op de twa ton. De hear Bouma (VVD): Men hat alris foarsteld om jild beskikber te stellen foar de finansiering. Hoe grut is de kâns dat yn dizze perioade it fytspaad klear komt? Wethâlder Van der Meulen: As men de organisaasje better op fuotten hat, dan krijt men in better byld. De realisaasje fan it fytspaad koe wolris tichterby wêze as men tinkt. De hear Hemminga (GB): Binne der oare besunigings nedich om it fytspaad realisearje te kinnen? Wethâlder Van der Meulen: Dat is oan de ried; wat foar keuze makket men? Men docht foarearst gjin ekstra saken op it mêd fan wegen en sleatten. By de maaitiidsnota binne de behearsplannen op oarder en dan kin men sjen wat men oanpakt. De ICT sil better moatte. De soargen oer de fi- nânsjes dielt it kolleezje. As men sjocht nei de omfang de projekten binne de reserves net sa grut. Men kin it oerskot ek yn de reserve sette. Ynkoarten komt er nei de ried mei in foarstel oer de regels oangeande de kapfergunnings. Mei in oantal oare saken sil men ek nei de ried komme om de keuze te meitsjen oft men mei minder re gels ta kin. Wethâlder De Vries: Der wurdt mear jild útlutsen foar oplieding fan de amtners en de FNP freget dêryn omtinken foar it Frysk. Men sil dêr alert op wêze. It is it kolleezje net slagge om in belied foar it Frysk yn it primêr ûnderwiis foar dit jier op te stellen. Dat sil yn 2007 oan de oarder kom me. Hy wiist op in gearkomste dêr't de gemeente in yntinsjeferklearring foar it Frysk ûnderskri- uwe sil. De 7 ton om de reserve grûnbedriuw op in miljoen te bringen is der op dit stuit net. Yn 2007 wurdt der praat oer in nij grûnbelied en men moat dêrby sjen nei de kompleksen binnen it grûnbe- Ferslach 14112007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 7