lied. Men sil dan ek sjen moatte nei de finansjele konsekwinsjes. It yntegrale beslút komt yn 2007. De reserve fan 3 ton is de realiteit fan dit momint. Wethâlder Minkes: Oer de beheining fan regeljouwing: it is op dit momint in hype. Mar regels hawwe ek in funksje. Bringt de diskusje oer de útlis yn Reduzum yn it sin. Mefrou Dekker (PvdA): Sa bedoelde sy it net. Mar men kin net freegje dat men mei de âlde en nije dakpanne nei it gemeentehûs komme moat as men deselde dakpannen brûke wol. De foarsitter: Het college is van plan om in de tweede helft van 2007 met de raad te spreken over de regelgeving. Twadde termyn De foarsitter: Het voorstel van het college houdt ook in dat men een uitspraak doet over de 80.000 euro van de Bird en de 4.750 euro voor de jongerenraad. De hear De Visser (PvdA): Hy begjint mei in persoanlik statement. As der absolút besunigings komme moatte dan sil der earder in útstel wêze rjochting fan it Fryske Marreprojekt as foar it fytspaad. By de doarpsfisyjûn binne der ferskate winsken nei foaren brocht. De oanpassing fan de berm oer sa'n 100 m tusken Idaerd en de gemeente Ljouwert kin neffens him maklik útfierd wurde. It dwaan is hast like djoer as it op te skriuwen. Op side 62: yn 2007 38 miljoen, yn 2008 34 miljoen en yn 2009 31 miljoen skuld. It liket him lykwols net wierskynlik dat der gjin nij jild opnommen wurdt. Hoe grut moat de skuld maksimaal wêze neffens it kolleezje? Binne der noar- men fan de VNG datoangeande? De PvdA kin wol akkoart gean mei de 4750 euro foar de jonge- reinried en mei de 80.000 euro yn it ramt fan de pont. Men wol ek de útkomst fan de rekken- keamer en de plannen foar in tunnel ôfwachtsje. De fraach om wat ekstra jild foar de rekkenkea- mer fynt er net werom. De hear Hemminga (GB): Hy is it wol iens mei de earste útspraak fan de hear De Visser. Men moat as ried doare prioriteiten te stellen. It fytspaad hat yn alle gefallen in hege prioriteit. GB hechtet deroan dat it Ûndersyk fan de rekkenkeamer bart. Dan hat men in helderder byld foar de te folgjen koers. By de begruttingswiziging sil in tal besunigings socht wurde moat. Dêrom hat GB problemen mei it akkoart gean mei de begrutting. De hear Gerbrandij (CDA): De ried bestjoert op haadlinen. It CDA kin akkoart gean mei de begrut ting. De 2 ton wie in meifaller en net in strop. It GRP-plan jout der in byld fan dat it kolleezje grip hâlde wol op de Ontwikkelingen. Men moat altyd rekken hâlde mei tsjinfallers. It CDA giet faak bliermoedich swierrichheden yn 'e mjitte. Der bart noch genôch; it ambysjenivo is miskien oan de hege kant. It CDA is akkoart mei de 4750 euro foar de jongereinried en de 80.000 euro yn it ramt fan de pont. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP hat net op alle f ragen in antwurd krige. It ferhaal fan foarige wike kaam hurd oan by de FNP. Sa wie it net earder troch de wethâlder nei foaren brocht. De hear Gerbrandij (CDA): Hoe moat in wethâlder in klap opfange foar in riedslid? Mefrou Veldstra (FNP): De wethâlder hat by de trochkyk wol bepaalde opmerkingen makke, mar hy hat net it punt fan de reorganisaasje foarlein. Der moat in neier plan fan oanpak komme. Wa is oanstjoerder fan it proses? Kinne de wethâlders seis ek net in bydrage oan de besunigings lever- je? Sy hat neat oer outplacement heard. Men kin wol in hantekening sette oangeande it de be- Pagina 6 Ferslach 14112007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 8