Pagina 7 foardering fan it Frysk, mar der sil wol in kultueromslach komme moatte. De FNP tsjinnet in moasje yn en lést dy foar: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn gearkomste byien op tiisdei 14 novimber 2006. Fersiket it kolleezje: om op koarte termyn stappen te Qndernimmen om de organisaasje Ontwikke ling wer op it gleed te krijen. A. Der sil in neier útwurke plan fan oanpak komme moatte, ynkl. n aksjeplan op koarte termyn. B. De ried sil troch fuortgongsrapportaazjes alle moannen op 'e hichte brocht wurde. C. Beneam in projektlieder út de organisaasje om dit proses te lieden. D. By it opliedingsbudzjet: ek it Frysk yn de organisaasje meinimmen. E. Net mear yn see gean mei prjektûntwikkelaars.. En giet oer ta de oarder fan 'e dei." Mefrou Veldstra (FNP): Der binne kosten troch de fernieling fan de bushokjes. Lit de jongerein dêr ek har ideeën oer nei foaren bringe. Wa makket bygelyks it moaiste bushokje? Sy hat noch wat fragen oer de belestingferoardering. By ûnreplik guod is in ferheging fan 10% en 2% ynflaasje- korreksje soe neffens de FNP genôch wêze. De toeristebelesting: wa sjocht dêr op ta? De leezjes by legalisaasje bouwurken kin wol 500 euro wêze. Wa bepaalt de wearde? It ûnderhâld fan de tinkstiennen is foar de gemeente. Hoe sit dat? De jongereinried moat fansels har jild hawwe. De rekkenkeamer komt yn de maaitiidsnota oan de oarder. Fansels moat it fytspaad prioriteit hawwe. Eventueel in projekt fan de Fryske Marren dêrfoar ynleverje. De hear Bouma (VVD): Men moat net tefolle weromsjen. Hy rekkenet derop dat it kolleezje it no oars en better oanpakke sil as it foarige kolleezje. Boarnsterhim hat it swiet hân en no komt in soere perioade. De VVD kin net ynstean foar de begrutting want dêrfoar hie men de begrut- tingswiziging der ek yn ien kear by belûke moatten. Men is akkoart mei it bedrach foar de jonge reinried. De rekkenkeamer mei wol nei foaren helle wurde. Mefrou Esser (PvdA): Hoe kin men in begruttingwiziging fêststelle as de begrutting noch net fêst- steld is? De hear Bouma (VVD): Men moat it yn ien kear goed dwaan wolle. Mefrou Esser (PvdA): Sa sit it yn de tiid en dan moat men it fêststelle sa't it no foarleit. De hear Bouma (VVD): De VVD wol der grip op hélde en tinkt der dêrom oars oer. Hy hopet dat de ton foar it ûndersyk foar it fytspaad gjin fuortsmiten jild is. Wethâlder Van der Meulen: Seit ta dat men nei de berm by Idaerd sjen sil. Der binne noarmen en rjochtlinen foar de maksimale skuld. De organisaasje kin dêroer en oer de fêststelling fan de On- replikgoedbelesting mear dúdlikheid jaan. De ried sil úteinlik de keuzes meitsje. By de maaitiidsno ta is der in nij ôfwagingsmomint. Men moat earst wat fêststelle foardat men in wiziging oanbrin- ge kin. De wiziging koe noch net eksakt fêststeld wurde. De hear Hemminga (GB): It probleem mei de goedkarring fan de begrutting hat te meitsjen mei de analyze fan foarige wike. It giet om in struktureel probleem. Wethêlder Van der Meulen: It is dochs de wize fan wurkjen yn bestjoerlik Nederlên. Men moat de begrutting de oare deis by de provinsje ynleverje. Yn desimber komt men mei in realistyske be- gruttingswiziging. Ferslach 14112007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 9