De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wizigirig goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Punt 7 De hear Hemminga (GB): Hy wol graach op 'e hichte bliuwe fan hoe't it kolleezje it oanpakt en wat der út komt (skriuwen Schoute Dik Advocaten oangeande it ûntwerpbestimmingsplan Ak- krum- bedriuweterrein Spikerboor en Polsleatwei). Punt 6 en 7 Mefrou Veldstra (FNP): Oangeande punt 6 (fersyk om bydrage fan toanielselskip Nije Moed út Raerd) soe sy it kolleezje freegje wolle om it posityf óf te dwaan. De 500 euro is al tasein. Freget it kolleezje om in ekskúsbrief (oangeande punt 7) te skriuwen. De foarsitter: Fierder gjin fragen of opmerkingen. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Hat in meidieling oer it stânpunt dat troch de portefúljehâlders ynnommen is oangeande de VVV. Men is net sa bliid oer hoe't it lân der no hinne leit. Der is in stjoergroep yn- steld op inisjatyf fan de gemeente en dêr docht de provinsje ek yn mei. Der wurdt opnij in struk- tuer delset. De eigen VVV hat in fisy dy't oerienkomt mei dy fan it kolleezje. Der folget noch skriftlike ynformaasje. b: Mienskiplike Regelingen De foarsitter: Der binne gjin meidielingen. c: Organisaasje frije kavelferkeap Grut Palma Wergea Wethâlder Minkes: Sy hat neat mei de kavelferkeap te dwaan. It berop tsjin it goedkarringsbeslút fan Deputearre Steaten is grûne ferklearre, dus moat de provinsje har wurk opnij dwaan. De sjenswize wie neffens de Rie fan Steat wol op tiid genóch yntsjinne. Der wurdt troch de minsken in skorsing fan it frijstellingsbeslút fan de gemeente frege. De kavelútjefte kin wol trochgean, mar de prosedueres moatte wol omtinken krije. Mefrou Meinderts (CDA): Der lei in tasizzing om in ynformaasjejûn foar de bewenners fan Wergea te hâlden. No hat men allinne mar fia Op 'e Hichte ynformaasje krige. Wethâlder De Vries: Men hat oerlis hân mei PB en men is ta in oare ynfolling kommen dan it or- ganisearjen fan in ynformaasjejûn. Sa'n jûn heakket net in protte ta. Mefrou Jonkman (FNP): Der wurde 12 kavels útjûn,.dêr't trije gjin lisplak of boks fan krije. Hoe giet soks mei de oare projekten? Wethâlder De Vries: Der is net foar alle kavels in lisplak. De lisplakken binne gelyk ferdield oer de projekten. De hear Van der Sluis (VVD): Der soe neffens de wethâlder gjin ynfloed fan de útspraak fan de Rie fan Steat op de útjefte fan de kavels wêze. Mar jildt dat dan wol foar de boufergunnings? Pagina 2 1 03 ferslach 28-11-2006/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 4