Pagina 8 mei Warten om te sjen wat der foar de takomst barre moat yn Warten. De gemeente kin fansels net in miljoen beskikber stelle. De hear Bouma (VVD): De VVD hat ek wurdearring foar it plan, mar it jild is der net foar. Miskien hat in twadde oanfraach mear sukses. Men soe ek om jild sykje kinne by oare subsydzjejouwers. De hear Seldenrust (FNP): Slút him oan by de foarige sprekkers. Hy hat ek alle wurdearring foar it wurk fan de wurkgroep. It kolleezje soe noch ris goed sjen moatte nei de mooglikheden en net nei de ûnmooglikheden. De hear Zijlstra (CDA): It CDA freget in aktive, meitinkende hâlding fan it kolleezje, sadat der yn dizze riedsperioade sicht komt op in multyfunksjoneel sintrum. Men moat antysipearje op de ta komst en. ek de subsydzjemooglikheden fan Plattelânsprojekten derby belûke. Mefrou Dekker (PvdA): Doe't der plannen wiene foar nijbou op it plak fan it eardere kafee hat men omtinken frege foar soks as in doarpshûs. Men is hiel waarm ûntfongen yn Warten. De plannen binne tige ambisjeus. De PvdA wol graach dat de minsken yn Warten in plakje hawwe dêr't sy by elkoar komme kinne. Miskien moatte de plannen wat bysteld wurde. It is fansels in protte jild as men it ôfset tsjin de 45.000 euro dy't beskikber steld is. It kolleezje soe der aktyf mei oan de slach moatte. Wethâlder Van der Meulen: It is in moai kreatyf betocht plan. It frege bedrach fan 1 miljoen is ly- kwols net reëel. Men hat in petear hân mei de wurkgroep yn Warten. De werstrukturearring kin der miskien by belutsen wurde. De inisjatyfnimmers wolle graach fêsthâlde oan it plan. Dat sil net kinne want dêrfoar is it ferskil te grut, dus sil men besykje moatte it gat lytser te meitsjen. Der binne mooglik noch mear subsydzjemooglikheden. It doarp moat der seis earst nei sjen. De ge meente sil gjin dingen dwaan dy't it kommen fan in multyfunksjoneel sintrum yn de takomst yn it paad stean. It kolleezje stiet posityf foar it inisjatyf oer en it kolleezje wol mei it doarp meitinke. Twadde termyn De hear De Visser (PvdA): It Iepen Stee is no it iennige plak dêr't noch wolris wat organisearre wurdt. Dêr steane wenningen op de nominaasje foar renovaasje. Is dêr ek oer neitocht? Wethâlder Van der Meulen: Men hat dêr ek oan tocht, mar dat joech gjin kânsen, want it hie net de foarkar fan it doarp. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om de "Nota integrale visie bestemmingsplan buitengebied 2006" fêst te stellen De hear Van der Sluis (VVD): Boerebedriuwen moatte yn de hiele gemeente deselde kânsen hawwe. De arsearring kin der dus foar de VVD wol óf. Der wurdt praat oer 'gave' gebieten. Wêr lizze dy no krekt want der wie gjin kaart by. En wat is in 'gaaf' gebiet? Ek de omskriuwing fan byldkwaliteit mist. Men moat rjochten hawwe foar it fergrutsjen fan it bouflak en dy moatte goed omskreaun wurde. De grutte bedriuwen moatte in kâns hawwe om mei rjocht troch te groeien nei 2,5 hektare. De ûntwikkelingsmooglikheden moatte der bliuwe. It plan easket dat der in fer- sterking fan de romtelike kwaliteit komme moat by ferpleatsing. Dat moat ek dúdliker omskreaun wurde. Der wurdt in ferliking makke mei de 20e ieu oangeande de grutte fan de huzen en dat is net ter- jochte. Men kin frijkommende âlde pleatsen slope. Jou dan wol de kâns om nije huzen te bou wen; eventueel oan de râne fan de doarpen. Dy mooglikheid hat neffens him mefrou Bouma foar 1 03 ferslach 12-12-2006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10