neamd. Mar hiel Boarnsterhim fait der neffens him ûnder. Side 27: 'het plan biedt de mogelijkheid om bij kleinschalige kampeerterreinen, kampeerterreinen groepsaccommodaties enkele aanleg plaatsen voor boten te creëren'. Hoefolle lisplakken en hoe grut? Wat is der mooglik yn 'waterre- creatieve ontwikkeling'? Mefrou Meinderts (CDA): It CDA wie wol op de ynformaasjejûn fertsjintwurdige. It giet der om it ûndernimmersklimaat te optimalisearjen. It grutste foardiel sit yn it fersterkjen fan de sterke pun ten. It toerisme rint werom en dat jout soargen. Agraryske ûndernimmers hawwe mear romte ne- dich en dêrom is it CDA foar oardel hektare by rjocht foar it bouflak. It bûtengebiet lient him goed foar ynfolling troch wenningbou op it plak fan frijkommende pleatsen. Oer de funksjeferoaring: 'Maximaal een woning'. Dat moat neffens har fan de situaasje ôfhingje. It mei net op kosten ge- an fan de besteande agraryske ûndernimmings. It CDA is ek foar it ûntwikkeljen foar in twadde tak. Men kin ek agrarysk lân mei in natoerlik karakter tagonklik meitsje foar de ekotoerist. Der moat dan bygelyks kompinsaasje mooglik wêze yn de foarm fan in rekreaasjewente of in sjalet neist de wenning. It CDA pleitet foar in oergongsregeling as in agrarysk ûndernimmer oerstappe wol op in hynstehâlderij. Dat jout de ûndernimmer mear sekerheid. Men moat romte hawwe foar de ûndernimmer en dêrom gjin beheinings oplizze foar de lytse rekreaasje yn bepaalde sykgebie- ten. De Legean moatte de romte krije foar rekreative Ontwikkelingen. Wêr lizze de 'gave' gebie- ten? Wethâlder Minkes: De robúste sône en de ekologyske haadstruktuer binne Onderwerp fan de ge- arkomste fan Provinsjale Steaten oer it streekplan. By in sykgebiet hat men de romte om wat te Ontwikkeljen as har dêr wat foardocht. Yn 1965 is it bestimmingsplan bûtengebiet fêststeld. Yn 1998 wie der in besykjen om in nij bestimmingsplan fêst te stellen en dêr binne 1200 beswiers- kriften op kommen. De gemeente krige op in oantal punten net gelyk. Doe is der in reparaasje- aksje op gong brocht, mar dy is letter wer stopset omdat der nije wetjouwing kaam. De lênbous- truktuernota jout de swiertepunten fan de lânbou oan. Der is in byldkwaliteitsplan bûtengebiet dat troch de ried fêststeld is. In bestimmingsplan jout rjochtsekerheid, foarskriften en yn behein- de omfang kin men in Ontwikkeling oanjaan. Men is it eksperimint oangien foar it skriuwen fan in fisy. Mei in fisy besiket men nei de takomst te sjen. Wat men foar dy takomst foar eagen hat, kin men meinimme. In bestimmingsplan is bedoeld om sekerheid te jaan fia de foarskriften. De lên- bou krijt de romte. In bouflak mei rjocht fan 1 hektare en mei in 'binnenplanse' frijstelling út te wreidzjen ta 2 hektare. De gemeente wol ynfloed hélde op de ynfolling fan it lênskip. De kavel- struktuer kin op in oar plak sa wêze dat it bouflak op in oare wize ynfold wurde moat. Yn it nije bestimmingsplan hoecht de oanfreger net fia in artikel 19 proseduere de saak te beoarderjen. It streekplan wiist tige op it belang fan de kwaliteit fan de romte. Ek foar de eigen bewenners is it bestimmingsplan tige wichtich. It is skreaun op de romte. De fisy hat gjin juridyske status. De plankaart is noch yn Ontwikkeling. Der is gjin beheining foar de boeren, want dy krije de romte. De hear Van der Sluis (VVD): De wethâlder neamt it lânbou-ûntwikkelingsgebiet. Men moat lyk- wols fan de hiele gemeente útgean. Wethâlder Minkes: Yn alle gebieten krijt de lânbou de romte. Yn bepaalde gebieten sil men wat kritysker sjen moatte nei de ynrjochting fan de bedriuwen. Soms kinne natoer en rekreaasje tich- ter by elkoar brocht wurde. Yn it streekplan is de regeling 'Romte foar romte' opnommen. Dêr jil- de lykwols strenge regels foar yn it bûtengebiet. Der is ien snipperkontingint (fan de 25) ynset om de kwaliteit te ferheegjen en it is net spesifyk foar pleatsen. Rekreaasje kin de romte krije fan de lênbou en oarsom. Alle partijen hawwe belang by in bestimmingsplan bûtengebiet. In aparte wolstênsnota foar de Alde Feanen is op himsels in goed idee. De Alde Feanen is in projekt dat bestiet op konsensus. Der is wol in natoerbeskermingswet en in habitatrjochtline en dy hawwe wol juridyske konsekwinsjes. Pagina 10 1 03 ferslach 12-12-2006/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 12