Pagina 11 lt fytspaad nei Warten kin net opnommen wurde omdat der net in trasee bepaald is. It is in fisy op haadlinen. Yn oktober is it idee opkommen om mear maatwurk te meitsjen. It jout in tal moog- likheden foar de kommende jierren. Mei de 3e alinea op side 6 wurdt bedoeld: alles wat fersteu- rend wurket op de omjouwing. Men kin dat as argumint nei foaren bringe by bygelyks grutskalige Ontwikkelingen dat it net past yn it tinken oer dat gebiet. De hear Seldenrust (FNP): Wurdt dêr tocht oan lânferkaveling of ruilferkaveling? Wethâlder Minkes: It giet om alles wat oantaasting ynhâlde kin. Op side 11 giet it derom om it wurkjen op en om de pleats doelmjittich te hâlden. Terherne stiet wol op in kaartsje oanjûn. Sy wiist derop dat der ferskillende ferbiningssônes binne. Wethâlder Van der Meulen: As it lânbouferkear tanimt en it ark breder wurdt dan komt men yn de bermen. Twadde termyn De foarsitter: Stelt voor om kort te zijn in de tweede termijn en de andere punten door te schui ven naar de volgende vergadering. Mefrou Dekker (PvdA): Der binne nochal wat fragen en der leit noch in moasje. Men soe de fra- gen skriftlik ôfhannelje kinne. De foarsitter: voelt er niet voor om de zaken door elkaar te halen. De motie zou aan het einde van de agenda aan de orde komen. Die zal dan doorschuiven. De hear Seldenrust (FNP): Wat binne de 'gave' gebieten en hoe sit it mei de lisplakken (side 27). Wat binne der foar mooglikheden by de 'waterrecreatieve ontwikkelingen De hear Van der Sluis (VVD): Der is gjin antwurd op de omskriuwings kommen. Wat wurdt dêr- mei bedoeld? Der is ek in kategory farwetter en dat moat dúdlik yn de plankaarten weromkom- me. Hy is it ek absolút net iens mei de omskriuwing fan de ynfolling fan de hiemen. De boer is dan ôfhinklik fan de amtners en it kolleezje. Men kin net samar alles ynplanne om it yn in bepaald blok te krijen. De hear Hemminga (GB): In komplimint foar de heldere útlis. De gemeente is ek net alhiel sels- standich yn it bepalen fan it gebiet. Yn hoefier binne provinsjale en ryksregels beheinend? Op ba sis wêrfan is de kaart ynkleurd? Agraryske gebieten binne bygelyks no as rekreatyf oanjûn. Wethâlder Minkes: Men moat omtinken hawwe foar de oanklaaiing fan de hiemen. It kolleezje kiest dêrom foar de 'binnenplanse' frijstelling. De oerheid hat dêr in bepaalde rol yn. De hear Van der Sluis (VVD): It moat fansels netsjes bliuwe. Werynrjochting fan it bouflak is ly- kwols hiel wat oars. Wethâlder Minkes: Men moat it der oer iens wurde hoe't men soks regelt. Dêrom is keazen foar it ynstrumint 'binnenplanse' frijstelling. Sy seit ta dat wat ûnder de 'gave' gebieten ferstien wurdt fierder taljochte wurde sil. Romtlike kwaliteit is in abstrakt begryp, mar it giet om ferbette- ring. It folgjende agindapunt is dêr in moai foarbyld fan. It bestimmingsplan is bedoeld om te bestjoeren ta bettere resultaten. In sykgebiet hat as doel om oan te jaan wat dêr yn de takomst mooglik en winsklik is. Sy neamt as foarbyld it leechlên tusken Grou en Warten (kombinaasje na toer en rekreaasje). De foarskriften tikje ien en oar óf. 1 03 ferslach 12-12-2006/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 13