BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 19 desimber 2006 om 20.00 oere yn OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser, R. van der Woude en H. Vellinga fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, mefrou G.R. Jonkman-Kalsbeek en de hear A. Selden- rust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes, de hearen D. van der Meulen en A.J. de Vries Jongereinried: Rosanne van der Woude en Jelte Koopmans lepening De foarsitter hyt elkenien op de léste gearkomste fan 2006 wolkom. Zij hoopt dat de aangepaste geluidsinstallatie geen problemen oplevert. Mochten de luisteraars thuis problemen ondervinden, dan hoort zij dat graag. Zij gaat over naar punt 3.5 van de vergadering van 12 december. 3.5 Foarstel om planologyske meiwurking te ferlienen oan "Natuur- en recreatieplan Lyts Gabema" Mefrou Esser (PvdA): De PvdA stiet hiel posityf foar it plan oer, want it foldocht oan alle punten fan de nota yntegrale fisy bestimmingsplan bûtengebiet. It is moai lânskiplik ynpast yn it gebiet. As foarwearde wurdt neamd dat der in lânskipsarjsitekt ynhierd wurdt en men hat datoangeande betrouwen yn NoordPeil. It mei net sa wêze dat inisjativen fan boargers net trochgean kinne om dat de gemeente net genôch kapasiteit hat. Dy moat dan ynhierd wurde en dat moat de wethâl- der meinimme yn de eksploitaasje-oerienkomst. Eventuele planskeakosten moatte dêryn ek mein- ommen wurde. De hear Hemminga (GB): GB fynt it ek in goed inisjatyf, mar hoe sit it mei de miljeukosten foar de gemeente en mei de ynfrastruktuer? En wat komt dan foar rekken fan de inisjatyfnimmer? De hear Seldenrust (FNP): De FNP kin fier meigean mei it foarstel, mar it tal steancaravanplakken is net goed omskreaun en dat jildt ek foar de wenarken. Freget ek omtinken foar de kosten sa't de hear Hemminga dy neamd hat. Der wurdt net in korrekte útlis oer de 'weren' en 'ribben' jûn. De 'weren' hawwe te meitsjen mei de hichte en neat mei it wetter. De hear Zijlstra (CDA): It is in moai plan omdat it oanslút op de Alde Feanen. It is ek in moai foarbyld hoe't agrarysk natoerbehear ek rekreatyf brûkt wurde kin. Maksimaal 65m2 per ark kin ynhâlde dat it 4 by 16 m wêze kin. Soe it net wat koarter moatte? It moat goed ynpast wurde kinne yn it lânskip. ferslach 19-12-2006/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 15