Pagina 5 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder Minkes: Men hat in libbene diskusje hân oer it bestimmingsplan bûtengebiet. Alle op merkingen wurde ferwurke yn in réaksjenota en it totaal wurdt foarlein foar de beslútfoarming. Men giet út fan 23 jannewaris mei de restriksje dat men in kapasiteitsprobleem hat. It kolleezje hat in prinsipebeslút nommen om planologyske meiwurking te ferlienen oan in fersyk om te kommen ta in 18-holes golfbaan, ynklusyf restaurant, ynstruksjeromte, sanitêre foarsjen- nings en haven mei oanlisplakken op Goattum. De rekreative Ontwikkeling kin der troch it plan fan DNC stipe wurde. In appartemintehotel sjocht it kolleezje net sitten en de omfang fan arken en rekreaasjewenten sil nei aard en skaal oan it gebiet oanpast wurde moatte. De provinsje hat oanjûn dat men it as in kwaliteitarranzjemenint sjocht. Men wol komme ta in yntinsje-oerienkomst mei de inisjatyfnim- mers. Oer in perioade fan 6/7 moannen komt men werom nei de ried om de kaders te stellen. It sil wol in yngewikkeld proses wêze. Yn Midfryslân is noch gjin golfbaan. It is goed foar de wurk- gelegenheid en toeristyske foarsjennings binne fan belang foar it wolwêzen fan de ynwenners. Op 18 maaie 2004 hat de ried de beliedsline fêststeld. Der waard doe keazen foar maksimaal ien golfbaan yn de gemeente en dêr wol it kolleezje har foarlopich oan hâlde. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat doe rânebetingsten fêstlein en sy nimt oan dat it kolleezje dy meinimt. De hear Hemminga (GB): Der wie yn it kolleezjeferslach ek noch sprake fan in oare kandidaat. Wêrom komt dizze inisjatyfnimmer net oan bod? Wethâlder Minkes: Fan de oare partij is gjin konkrete oanfraach binnenkommen. Der wienen in protte geruchten en dêrom hat men ûnder embargo de parse dizze middei ynfor- mearre. Wethâlder Van der Meulen: De iepenbiere ferljochting docht men mei de oare gemeenten en de provinsje. De gearwurking mei Dynamicon hat oant no ta ek foardielen hân. Men wol it ûnderhâld yn 2007 iepenbier oanbesteegje en dêrom moat foar 1 jannewaris 2007 it kontrakt opsein wur de. Yn jannewaris komt it kolleezje mei in stik nei de ried. Der is in memo omparte oer de brede skoalle. Mefrou Jonkman (FNP): Giet de ferljochting ek oer it bûtengebiet en kin men meilifte op it projekt 'Slimme ferljochting' Wethâlder Van der Meulen: Dat hat hjir net sa mei te meitsjen. It hat te meitsjen mei it dnder- hâldskontrakt. b: Mienskiplike Regelingen De foarsitter: Er zijn geen mededelingen. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 o/m 3.5 De hear Aupers: Op de WWR-vergadering van 27 juni 2006 heeft men de plannen duidelijk weer gegeven. Als bestuur van de belangenvereniging stacaravans camping Tusken de Marren wil hij de argumenten tot recht van eerste koop nog eens voorleggen. Men heeft plannen laten zien die de uitstraling verbeteren. De meeste stacaravanbewoners kopen in het dorp in. Men houdt van ferslach 19-12-2006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 19