Pagina 7 men in tredden betelje wol. Yn it memo wurdt dat troch de ôfdieling P O goed oanjûn. Der wurde 7 spesifike saken konstateard. De oanbefellings lykje de VVD tige goed ta en dy soe men net fersmite moatte. It rapport jout dúdlik oan wêr't it manko sit en hoe't men it oanpakke moat. Wiist derop dat de gemeente op dit stuit in swakke finansjele posysje hat. De hear Zijlstra (CDA): Hy ferwiist nei side 7 en 8. Wat fynt de VVD fan de oarsaken wêrom oft fan de proseduere ôfwykt is? De hear Bouma (VVD): Hy wol no net op dy oarsaken yngean, want dat is no net oan de oarder. It rapport is dúdlik genôch. De riedsleden moatte kritysk genôch wêze. Men moat de oanbefel lings oernimme. De hear Zijlstra (CDA): Soms moat men fluch hannelje omdat de ried ek saken mei faasje oan pakke wol. De hear Van der Meer (GB): Het CDA stemt dus tegen het voorstel? Mefrou Dekker (PvdA): De sprekkers hawwe it oer it kolleezje. Der wurdt lykwols yn it stik frege dat men as ried mei it kolleezje oer de ynhier praat. De foarsitter: Yn de twadde termyn kinne de sprekkers dêr op weromkomme. De hear Van der Woude (PvdA): It is goed dat de ried it ûndersyk dwaan litten hat. De konklúzjes binne tige hurd en wa moat de politike ferantwurdlikheid drage? De PvdA stiet fjouwerkant ach ter de konklúzjes fan de akkountants. Men kin net tastean dat sokke bedraggen oan de ynhier fan tredden bestege wurde. De hear Van der Sluis (VVD): Wat fynt de hear Van der Woude seis fan dy ferantwurdlikheid? De hear Van der Woude (PvdA): Dat is foar de twadde termyn. De hear Hemminga (GB): It rapport jout goede advizen. It giet derom om de situaasje better te meitsjen. De oerskriedings wurde op jierrekkennivo reparearre en dat is oan de lette kant. Wan- near wurdt dat earder meld? Op side 8 stiet dat de oanskerping fan de proseduere fereaske is. Dat kin men (it CDA) net mar neist jin dellizze. Mefrou Veldstra (FNP): It kolleezje hat neffens it rapport yn de helte fan de gefallen fersomme om de eigen regels ta te passen troch ad hoe fakatueres yn te foljen. De akkountant jout sinfolle tips en advisearret om aksje te ûndernimmen. Der is in dvd fan de VNG oer de regels by ynkeap en oanbestegings. Wie it de taak fan de griffier of fan de gemeentesekretaris om de ried dêrfan op 'e hichte te bringen? Oer de útfiering fan it oanbestegingsbelied: moat it kolleezje dêr net jierliks skriftlik ferantwurding oer ôflizze oan de ried? Der sil in strakkere proseduere folge wurde moatte yn de takomst. It MT advisearret oan it kol leezje en it kolleezje oan de ried. Der soe ek earder en faker oan de ried rapportearre wurde kinne. De FNP wol dat it advys fan de akkountant mei faasje oppakt wurdt. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): De raad heeft om het onderzoek gevraagd. De conclu sies zijn helder. Het college is verantwoordelijk voor inhuur van derden en voor de overschrijdin gen. Op verschillende manieren is van de procedure afgeweken. Het college houdt de bevoegd heid om van het vastgestelde beleid af te wijken, maar dat kan alleen als het goed gemotiveerd is. Dat is onvoldoende, maar men moet een en ander wel zien in het licht van de reorganisatie. ferslach 19-12-2006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 21