Griffier Frensel: De dvd heeft men de afgelopen week ontvangen. Men zal de wijze van presenta tie van de dvd nog in het presidium moeten bespreken. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel ta it fêststellen fan de neijiersnota De hear Gerbrandij (CDA): De ûnderdielen slute gauris óf mei de sin: 'nei ferwachting of wy sille jo neier ynformearje'. Hooplik wurdt it tekoart by 'Algemien bestjoer' yn 2007 wat minder. Der is in nij konvenant mei de BOBOB. Graach wol er op tiid heare hoe't men dat ynfolle wol. Men moat net te oermoedich mei kowe-eagen nei de sinten sjen. Earst moat men de sinten fan de BNG mar ris barre en dan pas ynsette. Hoe is yn it léste mearjierrenynvestearingsplan in foardiel ûntstien? De oanpak fan de bedriuwsfiering hat de ynstimming fan it CDA. Kom mei plannen foar it kom- pleks Grou-Noard. Der is in tekoart fan goed 40 tûzen, mar foar 2007 hat men noch wat yn de efterbûse. Men soe per moanne, lykas wenst is by grutte organisaasjes, in oersjoch hawwe moatte fan hoe't de saken der foar steane. De hear Bouma (VVD): It is goed dat der in neijiersnotysje is. Dy soe der lykwols wat earder wê- ze moatte, want dan kin men noch stjoere. De hear Gerbrandij (CDA): Dus per moanne opsette? De hear Bouma (VVD): De gedachte sprekt him wol oan, mar it mei om him ek wol in kwartaal- rapportaazje wêze. De hear De Visser (PvdA): Yn desimber moat de neijiersnotysje neffens de ôfspraken ferskine. Dêrom fynt er it in nuvere opmerking dat dy notysje der earder wêze moat. De hear Bouma (VVD): It soe in mearwearde hawwe kinne as men it yn oktober hat. It is in ear- ste oanset en der binne meifallers en tsjinfallers. De VVD wol it jild apart ssttP fnar Hp rpcprVo fytspaad en der wurdt in foarbehâld makke by de grûnferkeapen. Der stiet ek, lykas by de lee- zjes: 'Nagenoeg geen inkomsten' en dochs wurdt der in aardich bedrach mei helle (32.000 euro). De kosten fan it sosjaal plan wol men by ûnfersjoen ûnderbringe. De VVD is wat pessimistysker oer de úteinlike útkomst as it kolleezje. It wachtjild fan âld-wethâlders leit ek in grut beslach op it jild. Takom jier wol men it wat earder ûnder eagen hawwe sadat men ek noch bystjoere kin. As de sifers aktueel binne, kin men der ek yn de begrutting rekken mei hélde. Mefrou Veldstra (FNP): wol graach wat mear dúdlikheid oer de formulearring: 'Foar kundskip oa- nimme en stel fêst'. It is ek noch net hielendal kompleet. Hat men de kapasiteit en it jild wol om mei in moanlikse rapportaazje te kommen? By de diskusje oer de WMO wie der in opmerking dat de reserve WVG hielendal opgiet yn de WMO. It jild is ornearre fan de brûkers fan de WVG en is dér net in riedsbeslút foar nedich? De útkearing fan de BNG. Kin men der neat mear mei dwaan omdat it no as dekking brûkt is? Wat is de takomstfisy oangeande it kompleks Grou-Noard? De hear Hemminga (GB): GB is bliid mei de ynformaasje fan de neijiersnotysje. Wat is it goede momint foar tidich ynformeare oer de mooglike oerskriding fan útjeften? Earder, of soe men mis kien better begrutsje moatte? Wêrom binne de leezjes boufergunnings bygelyks net better begrut- te? Moat men net ôfskriuwe op de boekwearde fan Grou-Noard? De ferkeap grienstroken is ien- malich en soe nei de algemiene reserve moatte. Saken dy't men fan tefoaren al wit soe men ear der ynplanne moatte. De suggestje fan it CDA oer in moanlikse rapportaazje liket GB tige goed. Men moat ek de risiko's ûnder eagen hélde lykas dy fan it hel- en bringstasjon. Pagina 9 1 03ferslach 19-12-2006/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 23