De hear De Visser (PvdA): De PvdA is ynnommen mei de neijiersnotysje. It foei úteinlik ta mei wat op de léste bledside as einsifer presinteard wurdt. Der sitte noch wol in pear ûnsekere pos ten yn. De OZB sil neffens him it oare jier ek heger wêze. Hy hat fia de griffier in oersicht frege oer de oankeap en de kosten fan Grou-Noard. De priis is absurd heech en wat wurdt dêrmei dien? De 190.000 euro yn de ekploitaasje-oerienkomst fan it Wetterfront dy't net brûkt is: Wêrom is dat net realiseard? It kolleezje hat earder frege om in ton te besunigjen op de pont. It hat 20.000 euro opbrocht. No komt der wer 40.000 euro as tsjinfaller by. Dér moat wol wat oan barre; men wol lykwols earst it ûndersyk fan de rekkenkeamer ôfwachtsje. Wethâlder Van der Meulen: Sprekt syn tank út foar de positive opmerkingen. Men wol takom jier mei in folwoeksener neijiersnotysje komme. De neijiersnotysje is no makke yn it kader fan de rjochtmjittichheid. By grutte organisaasjes wurdt yndied faak per moanne rapporteard. Safier is men noch net, mar men wol der wol op ta. Mei de neijiersnotysje kin men dan de léste saken rjochtstrike. Hy hopet dat it yn 2008 goed op oarder is. Ôfwikingen moatte earder meld wurde. It kolleezje wol graach op alle mominten oanjaan kinne hoe't men derfoar stiet. Der binne ynsidin- tele baten (útkearing BNG, ferkeap grienstroken, ekstra leezjes). As der in posityf rekkenresultaat is dan soe men in fûns folje neffens de ôfspraken by de werstrukturearring. Men sil dan mei foar- stellen dêroer nei de ried komme. Guon posten bliuwe ynskattingen. Dy kin men better wat sunich ynskatte. De hear Hemminga (GB): It bedrach oangeande de leezjes wie tige grut en dat is gjin tafal. Wethâlder Van der Meulen: Neamt it foarbyld fan de spoarbrêge yn Akkrum. As sa'n saak fierder yn de tiid opskoot dan skeelt dat samar in protte jild. It bliuwt lykwols de ynstek om der skerp nei te sjen. It kolleezje hannelet konfoarm de regels oangeande de útkearing fan de BNG. It kol leezje en de meiwurkers dogge ek har bést om noch safolle mooglik dit jier te realisearen. De hear Bouma (VVD): Hy hie in fraach oer it sosjaal statút. Dat follet men as in olus vn en dat -fynrerner reëel. Wethâlder Van der Meulen: Op it momint dat in post ûnfersjoen is dan komt dy út ûnfersjoen. Oan de ein fan it jier makket men de rekken op en komt men mei in rekkenresultaat en dan wurdt it dér yn ûnderbrocht. De hear Bouma (VVD): Mar men koe der rekken mei hélde en dan is it it net mear ûnfersjoen. Wethâlder Van der Meulen: It is in formeel boekhéldkundige saak. Wethélder De Vries: It is op dit stuit net needsaaklik om it bedrach foar Grou-Noard óf te boeken Men wol in fisy ûntwikkelje en men wol der yn alle gefallen gjin ferlies op hawwe. Der binne plannen foar wenningbou en rekreatyf wenjen. Der moat draachflak komme foar it plan. Oer it Wetterfront: de 190.000 euro binne tariedingskosten. Dy moat men net mear meinimme yn de twadde faze, want dat soe druk jaan op de projekten en no hat men mear romte en vn- sicht. Wethélder Minkes: Oer side 8 oangeande de rûzingen foar de leezjes. Neffens har is der doedesti- ids in ófspraak makke om kritysk te wêzen oer planologyske prinsipefersiken en dér in leezjesbe- drach oan fêst te heakjen. Der stiet: 'de gekozen beleidslijn heeft geleid tot een teughoudend ef fect van het vragen van adviezen'. It komt dêrmei oerien mei wat de ried har dêrfan foarsteld hie. Der kin him in tekoart foardwaan yn de WMO. Yn apri/maaie binne de feiten bekend en kinne de gemeenten yn oerlis mei it ryk. Sy wit net oft men oan de reserve komt. Pagina 10 1 03ferslach 19-12-2006/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 24