Pagina 11 Wethâlder Van der Meulen: As men oare bestimming jout oan de reserve dan komt it werom nei de ried. De foarsitter: Stelt vast dat het punt voldoende besproken is. 3.4 Foarstel ta it wizigjen fan de begrutting 2007 (yn ferbân mei organisaasje-ûntwikkeling) De hear Van der Meer (GB): Men kan er eigenlijk niet om heen. Men kan niet met een alternatief komen omdat er geen cijfers zijn. Is het voor het volgende jaar mogelijk dat men weer de pro ductbegroting naast de programmabegroting heeft? Mefrou Meinderts (CDA): It is lestich yn te skatten wat foar finansjele gefolgen der út de reorga nisaasje fuortkomme. Sy hopet dat dy reorganisaasje goed slagget en dat der gjin berop dien wurdt op it begruttingsoerskot fan 2007. De hear De Visser (PvdA): De PvdA is wol bliid mei it foarstel want it hâldt yn dat de reorganis aasje foarm krijt. Mefrou Veldstra (FNP): No leit it bedrach op tafel. Men hat gjin kar; it bedrach is wol heger as earder neamd is. De FNP fynt dat der in goede organisaasje wêze moat. De produktbegrutting hearde der by en it is spitich dat men dat net mear foar elkoar krije koe. De hear Bouma (VVD): Men hat yndied gjin kar, mar de VVD wol in goede organisaasje hawwe. It kolleezje soe wat hoedener mei sifers en foarsizzings omgean moatte. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje wol mei faasje oan de gong mei de reorganisaasje. Men hat de finansjele middels om dat te realisearen. Men koe de romte yn de begrutting fan 2007 yn stân hâlde. De linker en de rjochter kant sille yn jannewaris klear wêze. De hear Van der Meer (GB): Hij heeft het gevraagd voor de komende jaren. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje sil syn bést dêrfoar dwaan. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.5 Opiniearjend foarstel oangeande privatisearing camping Tusken de Marren De hear Seldenrust (FNP): In stik dêr't men mei oan de slach gean kin. Hy begrypt de soarch fan de minsken dy't dêr op de camping sitte. Wie it doedestiids in riedsbeslút of in kolleezjebeslút? It jild fan de ferkeap soe te'n goede komme oan Akkrum. Der stiet yn it stik: 'Daarnaast is het voor ons op correcte wijze omgaan met de rechten en de belangen van de huidige standplaatshouders een belangrijke randvoorwaarde'. It is foar de FNP in hurde foarwearde. Oer side 3: 'Omdat dit scenario tegelijk voldoende mogelijkheden biedt voor zorgvuldigheid naar de huidige standplaatshuurders van de camping bepleiten wij een keuze voor scenario 5'. Dat is wat nuver, want yn it ferline die it kolleezje net in útspraak oer har foarkar foar ien of oar sena- rio. Side 5: 'Het fietspadennet van Boarnsterhim is de laatste jaren sterk verbeterd'. Dat sprekt him net sa bot oan, want safolle is der net ferbettere. Yn de takomst moat der yn byld brocht wurde wat der op rekreatyf mêd mooglik is. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is it wol iens mei senario 5. Der moat wol wat yn opnom- men wurde ta beskerming fan de eigners fan de steancaravans. De VVD tinkt dat senario 5 bet ter is foar de takomstige Ontwikkeling foar Akkrum. Der moat it maksimale úthelle wurde. Mefrou Meinderts (CDA): It kolleezje tinkt dat it measte opbracht wurdt troch senario 3 of 4, mar dat is in tinkflater, want de merkwearde fan de camping wurdt bepaald troch de steat fan dit ferslach 19-12-2006/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 25