Pagina 12 momint, mar foaral troch de takomstige Ontwikkelingen. Troch de ûntwikkelingskânsen fan de omjouwing yn senario 5 kin de camping folie mear opbringe. Dat aspekt moat meinommen wurde yn it foarstel. Men moat hiel soarchfâldich omgean mei de hierders fan dit momint. Senario 5 is net allinne goed foar Akkrum mar foar hiel Boarnsterhim. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat it as fraksje Onder eagen hân en men wol in fisy op it gebiet hawwe. Is Akkrum in rekreaasjekearn? Foldocht it oan de easken fan de tiid? As men Akkrum binnenkomt oer it wetter dan noeget it net sa bot út om fierder yn it doarp te sjen. It hiele gebiet moat sa breed mooglik Ontwikkele wurde. Rekreanten tinke nei ferrin fan tiid oars. Nim as foar- wearde mei dat de minsken dy't der al sa lang steane, dat dy har plakje hâlde kinne. De PvdA is foar in upgrading fan it hiele gebiet. De hear Hemminga (GB): GB hechtet der ek in protte wearde oan dat der oan de belangen fan de sittende minsken tocht wurde. It moat wol opknapt wurde en foldwaan oan de easken fan de ti id. Slút him oangeande de fisy op it gebiet oan by de PvdA. Dat moat men net allinne oerlitte oan de Ondemimmer/kombinaasje. De Meinesleat is in knipepunt. Miskien binne der ek noch wol oare plannemakkers. Der soe by senario 4 dêrom in mear iepen planûntwikkeling komme moatte. De skifting kin men as ried dan letter wol meitsje. Dêrom is GB ynearsten foar senario 4. Senario 5 hat ek ûntwikkelingskânsen yn him. Wurkje dat út en dan kin men as ried de kar meitsje Wethâlder De Vries: It kolleezje wol seker suver omgean mei de hierders fan no. Der hat yn Ak krum in gearkomste west en men hat der wiidweidich mei de ynwenners oer praat. Men kin no in slach meitsje oan dy kant fan Akkrum en hy heart ek dat it winsklik is. De gemeente en it doarp kinne profiteare fan de mooglikheden fan it Fryske Marreprojekt. De 1,12 miljoen binne by de maaitiidsnota tafoege. Dêrút is d.o. it baggerjen beteile. De rânebe- tingst is foar it kolleezje ek in hiel hurde eask. De hear Seldenrust (FNP): Dan soe men it ek sa yn de stikken sette moatte Wethâlder De Vries: In rânebetingst is eat dêr't men jin oan hâlde wol. Oangeande de ferbettering fan it fytspadenet is it de léste jierren mei û.o. pontsjes slagge om fytspaden mei elkoar te ferbi- nen. De hear De Visser (PvdA): Wiist derop dat it ek in trochkyk nei 2015 is en dan leit it fytspaad troch it Leechlân der al lang. Wethâlder De Vries: De plannen dy't by it kolleezje binnenkomme sille op de útgongspunten fan it bestimmingsplan bûtengebiet hifke wurde. De opbringst is nedich foar it fûns dêr't de Fryske Marreprojekten út beteile wurde moatte. De ûntwikkelingspotinsje sil yn senario 5 seker tanimme en dêrmei ynfloed op de priis hawwe. Men wol dy potinsje yn byld hélde. Der leit neffens de PvdA in mooglikheid foar in opwurdearring fan it gebiet. Hy kin dêr foar in grut part yn meigean. De toeristen lizze de latte hyltyd heger en dêrom moat de kwaliteit ferhege wurde. Dêrom freget it kolleezje ekstra stipe foar senario 5. Dat hat in breder perspektyf en jout ek in rommere mooglikheid om de belangen fan de hierders in plak te jaan. De fisy soe in goede basis wêze moatte foar de takomst fan Akkrum. It kolleezje wol har net oan ien partij bine. Der sitte lykwols yn de omjouwing al in tal bedriuwen en dêr moat men net oan foarby gean. Neffens syn gefoel wol de ried graach senario 5 oppakke. Twadde termyn ferslach 19-12-2006/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 26