Pagina 13 De hear Hemminga (GB): Is bliid dat de rânebetingst nei de bewenners ta dúdliker steld wurdt. It giet om kwaliteit nei minsken en foarsjenningen ta. Yn senario 5 is de posysje fan de camping al- linne mar op koarte termyn garandearre. Foar de takomst wurdt it fuortskood en dat elemint moat der út. Tusken Meinesleat en Boarnstee moat der gelegenheid wêze om oan te lizzen en fierder moat it iepen karakter fan it lânskip behâlden bliuwe. Mefrou Dekker. (PvdA): It giet de PvdA ek om de kwaliteit en de útstrieling nei it doarp ta. Dat hat effekten en dat hat it doarp nedich. De hear Van der Sluis (VVD): De twa sprekkers wize earst op de kwaliteit en sette it jild op it twadde plak. Oan wat foar ferskil yn jild tinkt men dan? Mefrou Dekker (PvdA): It giet no earst net oer it jild, mar oer de kwaliteit fan it gebiet. De hear Seldenrust (FNP): Hy mist de mooglike opsje dy't de hierders yn de persoan fan de hear Aupers nei foaren brocht hawwe. En dat jildt ek fan de mooglike ynbring fan de eigners. Dat mist er ek yn de senario's. Dêr soe er noch wat mear oer witte wolle. De hear De Visser is gâns positiver oer de fytspaden as hysels. Wethâlder De Vries: Men moat each hawwe foar it behâld fan it iepen lânskip. Hy wol net foarútrinne op de plannen fan de hierders. Dat moat foar de lange termyn besjoen wurde. De fra- gen fan de ynsprekker wienen mear oan de ried rjochte. De hear Seldenrust (FNP): De ried hat earder de ynsprekker heard yn kommisjeferbân en hy mist dat yn de senario's. Wethâlder De Vries: Dat is neffens him it béste fertaald yn senario 1De ried hat net frege nei de rjochten op earste keap en dêrom is hy der ek net op yngongen. Hy sjocht ek mear mooglikheden yn senario 5 om dy partij derby te belûken. Men moat soargje foar in maksimale kwaliteit en in maksimaal finansjeel resultaat. Hy is bliid mei de rjochting dy't de ried oanjûn hat. De foarsitter: Het college komt terug naar de raad met een voorstel waarin rekening gehouden wordt met de belangen van de gebruikers, met een kwalitative goede inrichting van het terrein en een maximale opbrengst van de grond. 3.6 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen Mefrou Jonkman (FNP): Der is in plan foar fytspaden by Suderbuorren. Miskien is der ek mear te dwaan foar de fytspaden yn Boarnsterhim mei de fytsnota fan de provinsje. Wethâlder Van der Meulen: Der wurdt hurd oan wurke. Foar de maaitiidsnota 2007 leit der in foarstel by de ried. Mefrou Jonkman (FNP): It moat wol yn 2007 los. Wethâlder Van der Meulen: Men kin net earder jild freegje as by de maaitiidsnota. It hat te meitsjen mei eigners en mei rânebetingsten. Men soe eventueel yn 2007 loskinne as de ried der jild foar frijmeitsje wol. De foarsitter: Mefrou Jonkman nimt ôfskied fan de ried fan Boarnsterhim. Sy hat der muoite mei om as riedslid te stopjen mar yn ferbân mei de nije baan fan har man is it net mear goed te kom- binearen mei de soarch foar de húshâlding mei twa lytse bern. Yn 2002-2006 wie mefrou Jonk man lid fan de kommisje BMM. Doe binne ek de beide bern berne. Dêrfoar wie se al bestjoerslid ferslach 19-12-2006/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 27