fan de FNP. Sy wie belutsen, entûsjast en altyd tige aktyf oanwêzich en de emoasjes wienen fan har gesicht óf te lezen. It is spitich dat sy ófskied nimt, mar sy hat der alle respekt foar. Mar mis kien komt sy nochris werom. Sy betanket har foar de ynset foar Boarnsterhim en winsket har it alderbêste foar de takomst. De boargemaster oerlanget har dêrnei in bosk blommen en in kado. Mefrou Jonkman (FNP): Betanket foar de moaie wurden. It giet har oan it hert dat sy ophâlde moat mar it is net mear te knippen en te plakken thús. Sy hopet dat de bewenners noflik yn de gemeente Boarnsterhim wenje meie. Sy hat in goede opfolger yn de persoan fan de hear Rie- mersma. Sy betanket har partij foar it betrouwen, de amtners foar de goede meiwurking en ek de oare riedsleden en oppassers thús. Betanket wethâlder Minkes foar de soarch dy't sy no by de WMO fierder bringe wol. De foarsitter winsket elkenien goede dagen en slút de gearkomste om 22.55 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 23 jannewaris 2007 de foarsitter, P. Schadd-de Boer Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 32 minsken. Pagina 14 ferslach 19-12-2006/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 28