BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 12 desimber 2006 om 20.00 oere yn it Doarpshûs te Raerd. Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser en H. Vellinga fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de F IMP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, mefrou G.R. Jonkman-Kalsbeek en de hear A. Selden- rust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes, de hearen D. van der Meulen en A.J. de Vries Jongereinried: Keimpe de Jong, Sabina Rietveld en Rosanne van der Woude Mei kundskip ôfwêzich: de hear R. van der Woude (PvdA) 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De foarsitter hyt elkenien wolkom op de gearkomste yn Raerd. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De foarsitter: vraagt om een toelichting op de motie die de PvdA heeft ingediend. De hear Vellinga (PvdA): Der wurdt yn it hiele lân praat oer it generaal pardon. It soe foar him persoanlik tige slim wêze as der minsken twongen wurde it lân te ferlitten no't de diskusje noch geande is. Dêrom de moasje fan de PvdA. De foarsitter: Stelt voor om het als agendapunt 4.7 aan de agenda toe te voegen. Aangaande het punt over de 'Nota integrale visie bestemmingsplan buitengebied 2006': er wordt met instem ming van de raad geen spreektijd opgelegd. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 14 novimber 2006. Mefrou Veldstra (FNP): Side 1 - Der wienen mear minsken fan de jongereinried oanwêzich as neamd binne. Sy soe graach wolle dat alle nammen opnommen wurde. De foarsitter: Zegt toe dat dit voortaan zal gebeuren. Mefrou Veldstra (FNP): Side 7 - De ried soe it antwurd op har fragen tastjoerd krije en sy hat noch net krige. De foarsitter: Zegt toe dat dat alsnog zal gebeuren. 1 03 ferslach 12-12-2006/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 3