1.4 Ynkommen stikken Punt 4, 5 en 6 Mefrou Veldstra (FNP): It foarstel is om de trije moasjes foar kundskip oan te nimmen. Sy fytn it te koart troch de bocht om it sa óf te dwaan. Sy nimt oan dat de moasje fan de PvdA ien fan de moasjes is. As dat net sa is dan moatte se de oare kear op de wurklist set wurde. De foarsitter: Voelt voor het laatste. Het komt dan in januari op de agenda. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: De plande gearkomste fan 7 desimber yn Akkrum wurdt ferskood nei 10 jannewaris fanwegen de útkomsten fan it lûdsûndersyk. Elkenien yn Akkrum is der skriftlik fan op 'e hichte steld. It is net slagge om yn novimber in ynformaasjejûn te hólden oer it Wetterfront. Dat freget wat mear tiid. It sil no begjin jannewaris plakfine. Der is no ek in regulier oerlis mei PB oer it Wetter front. Wethâlder Van der Meulen: De ried hat frege om de behearsbegrutting. Dat is sifermjittich moog- lik en sil sa gau mooglik oan de ried oanlevere wurde. b: Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielingen. c: Ynfiering WMO De hear Van der Meer (GB): Op pagina 2 wordt gesproken over een eventueel in aanvulling be schikbare reserve. Wat is die reserve en wat is maximaal? Mefrou Jonkman (FNP): Sy soe wat mear witte wolle oer de skoalling fan de meitinkers. It ienma- lich tekoart wurdt opfongen binnen de WMO. Hoe sit dat? Wannear is it 'ijkpunt'? De hear De Visser (PvdA): Stiet yn de oergongsbepaling ek dat it ûnmooglik is dat soarchoanbie- ders passearre wurde? Sadat der gjin claims út fuortkomme? Wethâlder Minkes: De ried hat besletten om de oanbesteging yn 2007 plakfine te litten. Yn in Pear gefallen bliuwt op grûn fan de yndikaasje de eigen help bestean. Men kin ek in eigen soar- choanbieder ynhiere mei it pgb. De WVG wurdt opnommen yn de WMO. It 'ijkpunt' sil yn maart wêze. 2005 is it peiljier en no docht bliken dat it tal minsken dat soarch nedich hat tanommen is. Dit hat provinsjaal en lanlik ek noch omtinken en it sil noch oan VWS foarlein wurde. Ik ferwachtsje gjin claims. Mefrou Jonkman (FNP): Sy hie in fraach oer it tekoart dat ienmalich opfongen wurdt binnen de totale WMO. Wethâlder Minkes: Men rédt dat noch wol op troch de jilden fan de WVG. De maksimale hichte fan de beskikbere reserve hat sy net paraat. It wurdt útsocht. d. Strjitnammejouwing yn Jirnsum De foarsitter: Geen vragen of opmerkingen. 2.2 "Jaarplan politie 2007" De hear Gerbrandij nimt by dit punt it foarsitterskip oer. Pagina 2 1 03 ferslach l2-12-2006/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 4