wol in fersin wêze. Side 16 - 'gave gebieden': as it natoer is dan kin men dermei ynstimme as it lanbougrun oangiet is dan net. It grutste beswier fan de LTO rjochtet him tsjin de boublokken. Men hie altyd frege om oardel hektare bouflak by rjocht. De gemeente wol lykwols fan ien hektare útgean. Wêrom net fuort oardel hektare mei frijstelling nei 2 hektare? Men mist de wynenerzjy en it biogasferhaal. Side 21 - De bedriuwsferpleatsing 'mits versterking van de ruimtelijke kwaliteit'. Wat ferstiet men der ûnder? Op side 22 mist men de romte foar romte regeling. Der komme bedriuwen frii. Der hoecht neffens de LTO net altyd wat alternatyfs foar yn it plak te kommen. Der soe in nij hûs foar yn it plak komme kinne moatte en by in grutte pleats miskien wol twa huzen. Dat kin dan ek op plak fierderop wêze. It Ijocht fan in stâl is net te ferlykjen mei Ijocht út de tünboukassen. Der sil noch wolris praat wurde moatte oer de ynfolling fan de ekologyske ferbiningssônes. 3.2 Foarstel om in kar te meitsjen út twa plannen oangeande de ferkeap fan it Riedhûs en it terrein by de Hellingshaven De hear Bouma (VVD): De presintaasje wie hiel nijsgjirrich. Der wie ek aardich belangstelling en men koe hearre wat men tocht oer de plannen. De SHP freget tefolle jild fan de gemeente De foarkar fan de VVD, en ek fan de minsken dy't hy heard hat, giet út nei it plan fan Adema. Kwa aard en skaal past it better by it histoaryske karakter fan Grou. It plan jout ek mear romte yn dat gebiet. De Hellingshaven is ôfbrutsen en hy soe ek graach witte wolle wêr't it materiaal bleaun is. Der moat brede stipe foar komme om it plan út te fieren. De hear Seldenrust (FNP): De FNP komt ta deselde fragen. De FNP hat fraksjeberie hân yn it âlde Riedhus yn Grou en der wienen nochal wat fragen. Oangeande de ferhuzing fan de hierders fan dit momint fan it RiedhOs: wa draait op foar de kosten? By de festiging fan it museum is der 1.000 euro per m2 nedich. Stel dat it mar 100 euro wêze soe dan komt it noch fierstente te djoer ut foar it museum. Dan hat men it noch net iens oer de ferhúskosten en de hierkosten. Wat is de maksimale hichte fan it gebou oan de Hellingshaven? De plannen dy't ynstjinne binne, soene net mear wizige wurde kinne. Dat is yn in petear mei de wethâlder befestige. Bliuwt de wethâlder bv syn stânpunt? 1 Mefrou Dekker (PvdA): Wat is de yntinsje fan de fraach fan de hear Seldenrust? De hear Seldenrust (FNP): Hy doelt benammen op de neistjoerde brief fan SHP dat der mooglik noch feroarings komme soenen. Wat is der mei it materiaal fan de Hellingshaven bard? Binne der kosten mei anneks en wat docht men dermei? It ketttingbetingst moat ek goed omtinken krije. Der binne luden om net al tefolle horekabestimmingen yn Grou Onder te bringen. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat in ynformaasjejûn hân oer it plan. De útnoegings wienen neffens har wol wat selektyf ferstjoerd. It hat lykwols ek yn Op 'e Hichte stien. It is in hiel gefoeliqe kwestje en derom pleitet de PvdA nochris foar in harksitting. Der binne noch al wat fragen. De hear Seldenrust (FNP): Hy fynt dat frjemd. Men hat útstel krigen fan it kolleezje. Men hat 14 dagen de ti.d hân om dêr noch wat oan te dwaan. Dy fragen kinne no foarlein wurde. Hy fvnt it foarstel fan de PvdA te koart troch de bocht. Mefrou Dekker (PvdA): Yn 14 dagen kin men gjin harksitting organisearje. Der wie ek noch aar dich wat korrespondinsje oer de saak en men moat alle kanten beljochtsje. Men hat uteinlik be- sletten, omdat der gjin mearderheid foar wie, om gjin harksitting te hélden. Der binne ai ferskillende fragen troch de foarige sprekkers nei foaren brocht. Der binne tige sym- Pat'ke brieven binnenkommen lyas fan PB en it bestjoer fan it museum. Dy ynbrochte saken sil de Pagina 5 1 03 ferslach 12-12-2006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 7