De hear Van der Meer (GB): Het terras is gebouwd op de kelder en die loopt volgens hem door tot aan het water. Twadde termyn De hear Bouma (VVD): Hellet as yllústraasje de brief fan PB oan. Siteart út dy brief (útstrieling, ynpassing yn de omjouwing, it gevelbyld, de algemiene mearwearde foar Grou, ensafuorthinne)! Dat stipet de VVD om foar it plan Adema te kiezen. De hear Seldenrust (FNP): Hy sil net alle brieven dy't de FNP krigen hat foarlêze. Oer it algemien fine de ynwenners fan Grou dat der in protte moais ferkwânsele is. It Riedhûs is tige karakteris- tyk foar Grou. Hy hat begrepen dat it materiaal fan de Hellingshaven yn opslach leit in Eagmaryp It wie ien fan de rânebetingsten om it materiaal te bewarjen. Hy fynt it spitich dat de wethâlder dat fanút syn foarige perioade as riedslid net mear wit. It gebou fan SHP is neffens de FNP bûten de proporsjes. As dat yndied sa is, set SHP himsels bûten spul. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat de fragen en antwurden beharke en yn it beslútfoarmjende diel sil de PvdA har foarkar oanjaan. Mefrou Meinderts (CDA): Sy hat alles al sein. De hear Van der Meer (GB): Is de hoogte passend voor het dorp? De breedte van het pand wil hij toch nog eens met de wethouder bespreken. GB kiest voor plan Adema. Wethâlder De Vries: Fansels wol it kolleezje de weardefolle saken net ferkwânselje. Mefrou Dekker (PvdA): Nei oanlieding fan de opmerking fan de hear Seldenrust: Krekt omdat men it gebou net ferkwânselje woe hat men doedestiids de rânebetingsten fêstlein. Wethâlder De Vries: Hy giet nei it materiaal fan de Hellingshaven op syk. De hear Seldenrust (FNP): De wethâlder soe de hear Auke Bijlsma freegje kinne. Wethâlder De Vries: Hy nimt de tip op. Der is by it gebou sprake fan oardel boulaach mei kap en dêr stiet net in maat op. Der is wol in byldkwaliteitsplan en dêr sil it oan toetst wurde. De hear Van der Meer (GB): Men moet toch ook toetsen aan het beschermd dorpsgezicht? Wethâlder De Vries: Hy giet derfan út dat it dêr oan foldocht. De ried jout it kolleezje in dúdlike rjochting oan. Mefrou Jonkman (FNP): Der wurdt yn it stik fan de fraksjes frege om in dúdlike kar te meitsjen. Wethâlder De Vries: It is no yn it mieningsfoarmjende part; de rjochting is dúdlik en letter sil der besletten wurde. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.3 Opiniearjend foarstel oangeande it Multi Functioneel Centrum yn Warten De hear Hemminga (GB): Men hat in tiid lyn it foarstel oer Warten krige. Men hat wurdearring dat de befolking mei it plan kommen is. Hat der goed oerlis west mei de gemeente? Gean yn oerlis Pagina 7 1 03 ferslach 12-12-2006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 9