De hear Seldenrust (FNP): Men hat as FNP der earder mei ynstimd dat PB in sit hawwe soe yn it
kwaliteitsteam en dêr stiet men noch altyd achter.
De hear Hemminga (GB): De ûnrêst moat by PB weinommen wurde en hy wol witte wat út it
oerlis mei PB komt. Hy hâldt dus noch in slach om de earm.
2.2 Foarstel om it wizige belied pleatsing UMTS-antennes foar kundskip oan te nimmen
Mefrou Esser (PvdA): It is dúdlik stik. De gemeente kin eins net oars as mei it foarstel ynstimme
fanwegen de jurisprudinsje. De PvdA fynt har net hielendal seker oer it totale ûndersyk.
Want der sitte dochs tekoartkommings yn it ûndersyk. De gemeente soe de ryksoerheid freegje
moatte nei de langetermyneffekten. Dútske ûndersiken wize ek op dat faset.
De hear Hemminga (GB): Op 16 jannewaris hat it kolleezje besletten om earst gjin meiwurking te
ferlienen oan it pleatsen fan antennes. Men soe it der yn de ried noch oer hawwe. It is dan ek
wat nuver dat it no foarleit om foar kundskip oan te nimmen. Yn Jirnsum hat foarljochting oer de
antennes west en dat wie neffens him in goede gearkomste. It blykt dat der gjin wittenskiplik
bewiis is foar de skea fan strieling foar de sûnens, mar it omkearde jildt lykwols ek, want der
binne minsken dy't der wol lést fan hawwe. Men hat dy ûnderfining hân mei de plysjemêst yn
Akkrum. De klachten binne ferdwûn no't de mêst fuort is. Unsekerheid hat ynfloed op de sûnens
fan de minske. Men soe mei de minsken yn petear gean moatte. Dêr sil yn it ferfolch mear
omtinken foar wêze moatte. De jurisprudinsje jout de gemeente gjin mooglikheden,mar men kin
der wol yn it bestimmingsplan wat oan dwaan troch it sa te regeljen dat mooglike mêsten bûten
de bebouwing komme. GB tsjinnet dêrta in moasje yn. Lést de moasje foar:
"De raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 20 februari 2007
Overwegende dat
het gemeentelijk beleid ten aanzien van het plaatsen van umts-antennes/masten inhield
dat er geen medewerking werd verleend voor het plaatsen van UMTS-antennes
er op basis van uitspraken van de Raad van State (19 juli 2006) gezondheidsklachten
geen grond vormen om bezwaren tegen plaatsing te honoreren
een aantal inwoners aangeeft gezondheidsklachten te ondervinden door de aanwezigheid
van GMS/UMTS masten en antennes
er op basis van wetenschappelijk onderzoek niet wordt bewezen dat er een relatie bestaat
tussen gezondheidsklachten en elektromagnetische straling, maar ook niet wordt bewezen
dat er geen relatie bestaat
er ter voorkoming van klachten een beleid gevoerd dient te worden dat antennes/masten
buiten de woonbebouwing geplaatst worden
spreekt uit
dat zij van oordeel is dat het beleid ten aanzien van nog te plaatsen en bestaande zend
masten/antennes erop gericht dient te zijn dat plaatsing daar waar mogelijk buiten de
woonbebouwing geschiedt
en draagt het College op dit beleid te implementeren in de bestemmingsplannen en daarvoor met
voorstellen naar de raad komt
En gaat over tot de orde van de dag."
De hear Van der Sluis (VVD): Hoe grut wol GB de ôfstân hawwe tusken de huzen yn it
bûtengebiet?
De hear Hemminga (GB): Men moat mei de minsken yn petear gean. De iene hat der lést fan en
de oare net. Hy nimt oan dat 400 m wol in behoarlike ôfstân is.
De hear Zijlstra (CDA): Giet it puer om wenbebouwing?
Pagina 4
1 03 ferslach 20feb2007/absh/4