BOARNSTERHIM
gemeente
-% c>1 5\
Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 20 maart
2007 om 20.00 oere yn OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou
Oanwêzich:
Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer
Griffier: de hear M. Frensel
De riedsleden:
fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen T. de Boer, B. de
Jong, J.W. de Visser, R. van der Woude en H. Vellinga
fan GB2000: de hear S. van der Meer
fan de VVD: de hear M. van der Sluis
fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij (fise-foarsitter)
fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en
de hearen A.J. de Vries en D. Van der Meulen
Fan de jongereinried: Sabina Rietveld, Bram de Groot en Keimpe de Jong
Mei kundskip ôfwêzich: de hearen J. Hemminga (GB2000) en S. Bouma (VVD)
1. ALGEMIEN
1.1 lepenje
De hear Gerbrandij iepent de gearkomste en hyt de oanwêzigen en de harkers fan de Boarnster-
stim wolkom. Hy sit foar salang't mefrou Schadd-de Boer der noch net is.
1.2 Fdststellen fan de wurklist
De hear Van der Meer (GB): Wil agendapunt 3.9 terugtrekken. Het orgaan heeft niet vergaderd in
de laatste jaren.
Mefrou Dekker (PvdA): Wol earst graach de reaksje fan it kolleezje hearre.
Mefrou Veldstra (FNP): Tinkt der ek sa oer.
De hear Van der Sluis (VVD): Slút him dêr by oan.
Wethâlder De Vries: It feit wie him net bekend. Miskien wit portefúljehâlder mefrou Schadd der
mear fan en hy soe har reaksje eefkes ôfwachtsje wolle. Dan kin de ried dan de oerwaging meits-
je om it noch fan de aginda óf te heljen.
De hear Van der Meer (GB): Het moet feitelijk van de agenda af.
De foarsitter: It giet no om it foarstel fan de hear De Vries.
Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA nimt it foarstel fan wethâlder De Vries oer. Miskien kin it op
grûn fan de ynformaasje fan de portefúljehâlder oer twa wike behannele wurde.
De foarsitter: It bliuwt ynearsten op de wurklist stean.
1 03 ferslach ried 20032007/absh/1