Pagina 2
1.3 FSststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 6 febrewaris en 20 febrewaris 2007.
It ferslach fan 6 febrewaris 2007
De foarsitter: It ferslach wurdt sdnder wiziging goedkard en fêststeld.
It ferslach fan 20 febrewaris 2007
De hear De Visser (PvdA): Op side 2 moat it wêze: 'Wêrom ûntbrekke de rintelêsten by de kwar-
taalrapportaazje?'
Mefrou Esser (PvdA): Op side 4 moat it wêze: 'De gemeente kin eins net oars as mei it foarstei
ynstimme fanwegen de jurisprudinsje. De PvdA fynt har net hielendal seker oer it totale ûnder-
syk'.
De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wizigings goedkard en fêststeld.
1.4 Ynkommen stikken
Nûmer 11
De hear Riemersma (FNP): Men wol graach witte wat de wethâlder der mei docht (skriuwen 'Ne
derlandse Kampeerauto Club').
De hear Zijlstra (CDA): It moat yndied wol weromkomme nei de ried.
NQmer 12
De hear Van der Meer (GB): Wat gebeurt er nu werkelijk (klacht mevrouw Kuijl Raerd)?
Wethâlder Van der Meulen: As der klachten binnen komme dan wurde dy sa gau mooglik oplost.
Hy sil nei de oanbelangjende saak sjen.
De foarsitter: Fierder gjin op- of oanmerkingen.
2. YNFORMEARJEND
2.1 Meidielings:
a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders
Wethâlder Minkes: It bestimmingsplan Wergea-kom is op 6 febrewaris goedkard troch Deputearre
Steaten op twa dnderdielen nei. Men fynt it net passend om in totaalgebiet fan 11 hektare bedri-
uwichheid yn Wergea op te nimmen. It moat passend 'naar aard en schaal van Wergea' wêze.
Der wurdt ek noch wat opmurken oer de bouflakken by it Frico-terrein. Sy is bliid mei de ynstim-
ming mei it bestimmingsplan. Der is wol in berop ynstjinne tsjin it goedkarringsbeslút.
b. Mienskiplike Regelingen
Der binne gjin meidielingen.
c. Nammejouwing gemeentlike wetters
De hear Zijlstra (CDA): It CDA is bliid dat de wetternammen no yn it Frysk op de kaart komme. It
inisjatyf fan de CDA-steatefraksje is no werklikheid wurden.
Mefrou Veldstra (FNP): De FNP hat al 25 jier wakker har bést dien om dy nammen op de kaart te
krijen. Benammen troch it FNP-lid de hear Postma. Ek de kompliminten foar de geakundekommis-
je fan de gemeente.
Mefrou Dekker (PvdA): Slút har oan by de foarige sprekkers. Hulde foar alle partijen dy't der oan
meiwurke hawwe.
1 03 ferslach ried 20032007/absh/2