Mefrou Dekker (PvdA): Wêrom hellet GB der no oare saken by? De hear Hemminga (GB): Men mei jin as ried ôffreegje yn hoefier sokke sifers represintatyf binne foar oare saken. Yn it ferline hat GB faak saken oan de oarder steld. Mefrou Dekker (PvdA): Men wol as PvdA-fraksje net hyltyd oare dingen derby helje. Der leit in goede, deeglike notysje foar. Op in oar momint sil men it oer oare saken hawwe. De hear Bouma (VVD): De besuniging fan 100.000 euro is basearre op de begrutting. len en oar hat te meitsjen mei de wize fan boekhâlding. Mefrou Dekker (PvdA): Wat hat de VVD doe as kontrôle-ynstrumint ynsteld? De hear Bouma (VVD): Men hat de rekkenkeamer ynsteld. Men moat wol de krekte útgongspun- ten hawwe. De hear Hemminga (GB): Is it mei de wurden fan de hear Bouma iens. Is it wol iens mei mefrou Dekker dat men by de taakstelling fan 1 ton te min kaders meijûn hat. GB is foar alternatyf 3. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP is dermei ynnommen dat dit it earste ûndersyk is fan de rekken keamer. It wie doedestiids ek as earste ûndersyk troch de FNP oandroegen. De rekkenkeamer hat it ûndersyk selsstannich útfierd. De rekkenkeamer befellet oan om it kon- venant iepen te brekken. Net alle baten en lésten fan de eksploitaasje komme yn de begrutting werom en dat docht ûnderstek oan de rjochtmjittichheid. Der ûntbrekt in ûnderhâlds- en behears- plan. De gemeenteried sil de kaders better oanjaan moatte. De oanbefellings wurde oerbrocht oan de gemeenteried en dy moat der wat mei dwaan. De FNP tinkt oan in miks fan de alternativen 2 en 3. Men wol de ynspraakreaksje ek noch yn de fraksje beprate. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje ûnderskriuwt yn grutte linen de konklúzjes fan de rekken keamer. It kolleezje wol lykwols ek in tal kanttekenings meitsje. De hear Seldenrust (FNP): Komt der ek in ynhâldlike reaksje fan de boargemaster as portefúlje- hâlder? De foarsitter: De raad heeft aan de rekenkamer het onderzoek voorgelegd. Formeel hoort het in haar portefeuille, maar inhoudelijk heeft wethouder Van der Meulen overleg met de Burdorganisa- ties. Wethâlder Van der Meulen: De dossierfoarming is net op oarder. De rjochtlinen dêrfoar binne no helder. De hear Hemminga (GB): Alles soe beskikber steld wurde moatte oan de rekkenkeamer. De yn- druk is dat men net altyd direkt ree wie om de stikken beskikber te stellen. Wethâlder Van der Meulen: Dér is gjin diskusje oer dat punt. De rekkenkeamer hat tagong ta alle stikken. It hat te meitsjen mei it net folslein wezen fan it argyf. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat de sinjalen fan de rekkenkeamer oars begrepen. Sy giet derfan út dat der in werstrukturearring en opskjinning fan de dossiers komt. Wethâlder Van der Meulen: Dat hat er al tasein. Dat sil wol in protte tiid en jild kostje. It dossier dat no foarme wurdt, moat goed wêze. It kolleezje sil derta mei in foarstel nei de ried komme. Hy Pagina 7 1 03 ferslach ried 08052007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 14