Wethâlder Minkes: De EHS stiet wiidweidich beskreaun yn it streekplan fan de provinsje. Yn in fierdere útwurking fan it bestimmingsplan sil men noch yntinsyf kommunisearje moatte mei de provinsje. Dan krijt men ek mear dúdlikheid oer de sykgebieten. De EHS is lykwols in realiteit fan de kant fan de oerheid. De hear Van der Sluis (VVD): As de mooglikheid der is dan moat men soargje dat dy yn it bes timmingsplan omskreaun wurdt en dan net op it boerelân. De EHS is no te rom yntekene. Wethâlder Minkes: It sil wat krekter útwurke wurde. It giet derom om de natoergebieten mei inoar te ferbinen. It giet der net om om de lânbou dwers te sitten. Wynenerzjy wurdt net opnommen yn it bestimmingsplan omdat de bestimming as sadanich net tadield wurdt. It sil fêst wer yn de diskusje yn de ried weromkomme. Yn de fisy kin der net mear fan sein wurde. Der is mei de organisaasjes praat oer de Alde Feanen. Men wol mei de 3 gemeenten mienskiplik in behearplan meitsje foar de Alde Feanen. Mefrou Esser (PvdA): It is ek in wichtich natoergebiet en it is yn it stik oanjûn as rekreaasjege- biet. De hear Vellinga (PvdA): Hy soe in dúdliker planning hearre wolle oer de gearwurking mei de dy gemeenten. Wannear docht men wat? Wethâlder Minkes: Soe kollega De Vries freegje wolle om dat yn it oerlis mei te nimmen. Oangeande de bouflakken dielt sy in yllustraasje út. De útwreiding paste net yn it bouflak. By de 'binnenplanse' frijstelling wurdt sjoen hoe't de boer it oan it lânskip oanpast. In 'binnenplanse' frijstelling is in saak fan de gemeente. Sy freget hoe grut it bouflak is (0,26 hektare). Dan kin men jin in foarstelling meitsje hoe't in bouflak fan 2 hektare derút sjocht. Dat is fan sa'n ympact op it lânskip dat de gemeente dêr rezjy oer fiere moat. De hear Hemminga (GB): Wat bedoelt de wethâlder mei bouflak? Wethâlder Minkes: It bouperseel. De hear Van der Sluis (VVD): As men de maten úttelt, komt men op sa'n 95 m by 100 m. Dat hat oant no ta it boublok west. Neffens him wurdt der ferkearde foarljochting jûn. Wethâlder Minkes: Se wol de yndruk jaan wat de ympact fan 2,5 hektare by rjocht is. De hear Van der Meer (GB): De lengte is iets meer dan twee keer de breedte. De berekening klopt dus niet. Wethâlder Minkes: It giet har om de omfang. De hear Zijlstra (CDA): Sa'n 'binnenplanse' frijstelling soe oan de Rie fan Steat takomme kinne. Men soe neffens de wethâlder gjin beswieren ferwachtsje. Dat sjocht hy hiel oars. Wethâlder Minkes: Hoe past men it yn it lânskip yn? Dêr moat in balâns yn wêze. Bûten de 'bin nenplanse' frijstelling hat men as oerheid neat yn te bringen. De hear Zijlstra (CDA): As buorlju it der net mei iens binne dan kinne dy beswier oantekenje. Pagina 4 1 03 ferslach ried 15052007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6