2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan: 2.3 "Jaarplan integrale veiligheid 2007-2008, Bestuursrapportage 2006 en Criminaliteitsanaly se 2006" By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. De hear Van der Woude (PvdA): Kompliminten foar de opstelling fan it rapport dat tige helder is. It referinsjejier ferskilt noch wolris by de ûnderdielen. Wêrom is dat sa? Der hat oerlis west mei de jeugd fan Warten. Wat is it resultaat? Binne de tafersjochhâlders al oansteld? Mefrou Veldstra (FNP): Der stiet in protte ynformaasje yn. De prioriteit wurdt lein by fernielings en it tsjingean fan it te folie brûken fan alkohol. Minsken yn it sintrum en flak der bûten ûnderfine in protte oerlêst. Der is geregeld oerlis tusken de gemeente en de plysje, miskien kin dat ek mei de bewenners dy't oerlêst hawwe. Hoe fier is it mei it alkoholmatigingsbelied? De 30 km-sônes: wat foar maatregels wurde der nommen? Der wie earder in jongerewurkster by it jongerewurk belutsen, mar dy is der spitiger- nôch net mear. De plysje hat in jeugdkoördinator. Giet dy ek mei de jongerein yn petear? Moat men by de ynhier deskundigens tinke oan de ynset fan dy jeugdkoördinator of oan in jongerewur- ker? Miskien is it handich om in rubrykje yn Op 'e Hichte op te nimmen oer saken lykas fytsen dy't fermist/stellen binne en ek oer dy't wer boppe wetter kommen binne. De hear Bouma (VVD): It is in dúdlik stik. Minsken wurde gauris konfrontearre mei oerlêst yn de buorren en har klachten wurde net altyd goed öfdien. Dêr soe mear omtinken foar komme moat- te. Troch de ferlinging fan de slutingstiden kin der potinsjeel mear oerlêst ûntstean. Der komme berjochten, benammen út de kearn fan Grou, dêr't út bliken docht dat der wat te min omtinken foar is. Der soe dochs al in hanthavingsbelied foar de horeka wêze? Foar it tema toerisme en oerlêst bin ne gjin spesifike sifers beskikber. Hoe kin dat? De hear Van der Meer (GB): In het centrum van Grou is sprake van veel overlast zoals wildplas- sen. Kan men niet voor een periode in het jaar openbare toiletten plaatsen? Er wordt veel met de auto gesurveilleerd en dan ziet men niet alles. Daarom ook lopend 'in burger' surveilleren. Over de verlengde openstelling van de horeca: hij heeft daarover van omwonenden wel positieve ge luiden gehoord. De hear Zijlstra (CDA): De gemeente is regisseur op it gebiet fan lokale feilichheid. De komplimin ten foar it stik. Der wurdt ek in berop dien op de eigen ferantwurdlikheid. Bepaalde saken kinne neffens it CDA wat strenger oanpakt wurde. Der is in protokol neisoarch detinearden. Hoe sit it mei minsken dy't feroardield binne foar seksueel misbrûk fan bern? Wenningynbraak: Hy mist dêrby previnsjemaatregels. Folders by wenning- en boutafersjoch kinne minsken op it goede spoar sette. Risikogebieten oanwize dêr't gewelt har foardocht. Op dy 'loop- en slooproutes' eventueel previntyf fûllearje. Ek strengere oanpak fan lju dy't har op boaten misdrage. As it in kear misgiet, dan soenen dy net mear wolkom wêze moatte. It alkoholmatigingsbelied moat der komme. Men soe net kontrolearje kinne yn 30 km-sönes omdat de diken der net op ynrjochte binne. Dat is in net in goede werjefte fan saken. Op bepaalde diken (lykas de Andringastrjitte) soe men neffens him bést wol kontrolea- re kinne. In pear kear yn it jier yn de beboude kom dêrop kontroleare. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Spreekt haar dank uit voor de positieve opmerkingen. Men moet onderscheid maken tussen het jaarplan van de politie, dat nog ter sprake zal komen, en het integraal veiligheidsplan. Pagina 2 1 03 ferslach 11092007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 5