BOARNSTERHIM gemeente -a-a") Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op woansdei 26 septimber 2007 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser en de hearen B. de Jong, J.W. de Visser, T. de Boer, R. van der Woude en H. Vellinga fan GB2000: de hear S. van der Meer fan de VVD: de hear S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen D. van der Meulen en A.J. de Vries en gemeentesiktaris a.i. R. Vogelzang Fan de jongereinried: Keimpe de Jong Fierder oanwêzich: de hear F. Buiter (projektlieder brede skoalle) Mei kundskip ôfwêzich: mefrou F. Hofstra-Boonstra (VVD) en de hear J. Hemminga (GB2000) lepening De foarsitter hyt elkenien wolkom by it ferfoich fan de gearkomste fan 25 septimber. De hear Van der Woude (PvdA) sil wat letter komme. 3.3 Foarstel oangeande it realisearjen fan de Brede Scholen yn Akkrum en Grou Keimpe de Jong (Jongereinried) sprekt op dit punt yn. Sjoch bylage. De hear De Visser (PvdA): De PvdA-fraksje hat har yngeande dwaande hélden mei de brede sko- allen. Krekt de omfang en de synergy makket it mooglik. De PvdA stimt dan ek fan herten yn mei it foarstel. Guon hawwe noch wol wat soargen oer de geburgenheid foar de bern by sa'n grut gebou. En hoe hurd binne de hieropbringsten? De prognostisearre leechstân fan 2% liket him wol wat oan de optimistyske kant. Fierder de kompliminten foar benammen de wethâlder en de pro jektlieder. De skoalle sil yn Grou boud wurde op it plak fan it swimbad. It jild kin foar it fytspaad brûkt wur- de, mar dat betsjut net dat in swimbad net winsklik is. It kolleezje soe sjen moatte nei in min- waarfoarsjenning yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. De hear Van der Meer (GB): GB is altijd voorstander van de brede scholen geweest. Het geoor merkte geld voor het zwembad wil de meerderheid van de raad voor iets anders gebruiken. GB kiest in eerste instantie voor de afgeslankte variant. Met het geld kunnen misschien andere din gen verwezenlijkt worden. Dan blijven de sporthal en zwembad eerst nog staan. Dat geeft de ge legenheid om de optie van het zwembad opnieuw te bezien. De zwembadcommissie heeft ook ideeën en misschien kan er een goed plan uitkomen in de combinatie sporthal-zwembad. Dit dus naast de afgeslankte variant. De afgeslankte grote zaal kan nog 200 mensen ontvangen. Er is 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 23